Maaiefakânsje-drokte by Rederij Doeksen: freed al 7.000 minsken ferfierd

30 apr 2021 - 17:07

Toeristen dy't de maaiefakânsje trochbringe op Flylân en Skylge soargje freed foar grutte drokte by de fearterminal fan Harns. In lytse 5.000 minsken reizgje nei Skylge en sa'n 2.000 minsken nei Flylân. En yn al dy drokte is it dreech om je oan de coronamaatregels te hâlden, sa docht bliken. By guon minsken soarget it foar argewaasje.

Drokte yn coronatiid

Neffens direkteur Dirk Spoor is it 'gesellich drok' by de fearboat. "Wy hawwe al in jier ûnderfining mei toerisme yn coronatiid, dus wy besykje it goed op te fangen. Yn de terminal besykje wy de minsken de romte te jaan. Wy hâlde 'm sa no en dan efkes ticht, sa't der trochstream is. En bûten de terminal hawwe de minsken ek eigen ferantwurdlikens. Dus wa't ôfstân hâlde wol, kin dat dwaan."

Boek rêstige tiden

Rederij Doeksen hat ek belied om te drokte dochs safolle as mooglik te sprieden. "Want moarns betiid en jûns let is it faak rêstich op de boat. As je bûten de populêre tiden reizgje, dan hawwe je ek folle mear romte. Dêr wize wy de minsken ek op mei it boeken. Dat wurket wol goed."

"Bliuwt in bytsje dûbeld"

Foar direkteur Spoor bliuwt de situaasje noch wol in bytsje in dilemma. "Minsken wolle wol graach efkes fuort, bygelyks nei Flylân of Skylge. Mar it is coronatiid, dus dan moatte je dochs wat oars op 'en paad as gewoanwei. Foar guon minsken is dat dochs efkes wenne. Der wurdt in soad gebrûk makke fan ynlânske fakânsjes yn de maaiefakânsje. Wy hawwe der moai waar by. Mar it bliuwt in bytsje dûbeld."

Ferslachjouwer Gerrit de Boer en direkteur Dirk Spoor fan Rederij Doeksen

Argyfbyld - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
(Advertinsje)
(Advertinsje)