Doek falt nei 26 jier foar Iepenloftspul Opsterlân: "It docht gewoan sear"

It Iepenloftspul Opsterlân hâldt der nei 26 jier mei op. It bestjoer konkludearret dat it finansjeel net mear út kin en hat besletten it fallisemint oan te freegjen. De ôfrûne jierren makke Opsterlân noch de stikken Lytse Prins en Animal Farm, mar nije foarstellingen komme der dus net.
Animal Farm © Omrop Fryslân
Neffens foarsitter Hielke Reitsma luts it iepenloftspul fan Opsterlân de lêste jierren net genôch besikers om foldwaande jild yn it laadsje te bringen. "Der binne sa'n protte iepenloftspullen en net elkenien kin nei elk iepenloftspul. Der kamen wat te min minsken by ús op de lêste foarstellingen. Dus eins hat it sukses fan de iepenloftspullen yn Fryslân ús in bytsje de das om dien."

Skuldeaskers en min waar

It iepenloftspul hie noch wat skuldeaskers dy't sy net betelje koene. Neffens Reitsma ha se der alles oan dien om it wol foarinoar te krijen. "Ludike aksjes yn coronatiid, wc-papier ferkeapje, crowdfunding, sis it mar. Mar troch corona koene we dat net op 'e hispel sette."
Ek it waar fan de ôfrûne jierren yn de perioaden fan de foarstellingen siet net mei. "Wy koenen yn ús smûke iepenloftteäterke mar sa'n 250 oant 300 minsken hâlde en as in protte minsken dan net komme kinne fanwegen it waar, en de kosten binne der wol, dan giet it hurd."
© Omrop Fryslân
"It docht gewoan sear dat je ophâlde moatte", seit Reitsma. "Foar dejingen dy't wy noch jild skuldich wiene, mar ek foar de spilers dy't hiel graach by ús spylje woene. En ek foar it publyk dat noch wol komme woe."
Reitsma hopet noch wol op in trochstart, mar op koarte termyn sit dy der net yn. "Wy hawwe hoop dat der oer in jier of tsien wer in nije ploech minsken Iepenloftspul Opsterlân opstarte kin."
Foarsitter Hielke Reitsma fan Iepenloftspul Opsterlân