Bern meitsje kuier- en fytsrûte tusken Lekkum en Wyns

30 apr 2021 - 16:14

Kuierders en fytsers kinne de kommende wiken tusken Lekkum en Wyns terjochte foar in spesjale rûte mei it tema 'Lang leve de lente'. Bern fan de Prof. Wassenberghskoalle yn Lekkum hawwe de rûte betocht. Op de rûte binne selsmakke wurken fan de bern te sjen.

It Wynserbinnenpaed tusken Lekkum en Wyns - Foto: Google Street View

It projekt is freed iepene. Op de rûte binne kreative útspattingen fan bern te sjen. Sa binne der 'happy stones' op ferskate plakken dellein. Dat binne skildere stiennen. Ek bern fan de 'Peuterspeelontdekplek' en de BSO hawwe meiwurke oan de fyts- en kuierrûte. Dy is opdield yn ferskate tema's, sa wurke groep 4 oan bisten.

"Wy meie gjin âlden yn de skoalle hawwe, en je misse dêrtroch in stikje ferbining. Mei dit projekt kinne we wer wat fan ússels sjen litte," fertelt direkteur Hennie Zwart oer de rûte.

Kleure dino op in nêst

Sadwaande sit healwei Lekkum en Snakkerbuorren no in grutte kleure dinosaurus op in nêst te brieden. Mei in spesjale app fia Space Time Layers wurde minsken bypraat mei útlis oer de rûte. De rûte begjint by de Prof. Wassenberghskoalle midden yn it doarp Lekkum en rint fia buordoarp Snakkerbuorren, de Frijheidswyk en Blitsaerd yn Ljouwert fia Miedum nei Wyns.

Fjouwer wiken

De wurken by de rûte del bliuwe fjouwer wiken stean. Mei de app sjogge minsken wat der te fertellen is op de plakken dy't se tsjinkomme. Mei help fan in QR-koade kinne âlden mear sjen. Sy sjogge ekstra's as ynformaasje oer it projekt dat harren bern makke hawwe.

(Advertinsje)
(Advertinsje)