Nij mynboubedriuw wol gasfjilden boppe Skylge ûntginne

Bewenners fan Skylge steane op skerp. De gasfjilden boppe it eilân driigje dochs leechhelle te wurden. It bedriuw dat se yn behear hat, Tulip Oil, is koartlyn oernaam troch ynvestearder Kistos. Dat bedriuw is spesjalisearre yn it winstjaand meitsjen fan enerzjybedriuwen. Op it eilân nimme de soargen oer de winning ûnder it Natura 2000 gebiet allinnich mar ta.
© Omrop Fryslân, Remco de Vries
Kistos hat ynteresse yn de eksploitaasje fan de gasfjilden boppe Skylge. It is noch ôfwachtsjen wat de plannen krekt binne. Dat liet finansjeel direkteur fan Tulip Oil, Ruud Schrama, oan de Leeuwarder Courant witte. Dochs giene op it eilân en by natuerorganisaasjes de alarmbellen ôf.
Annet van Essen fan Hoorn wie jierren ien fan de driuwende krêften efter de aksjegroep gasTvrij Terschelling. "Ik heb mijn hesje uit de kast gehaald want ik maak mij wel zorgen." De kustsône fan Skylge is Natura 2000-gebiet. Dat hâldt yn dat it beskerme natuer is.

It oernimmen weromfertsjinje

Ynvestearder Kistos sjocht heil yn fjouwer gasfjilden fan Tulip Oil. Twa lizze noardlik fan Skylge, de oaren foar de kust fan IJmuiden. It oernimmen fan Tulip Oil kostet Kistos 220 miljoen euro. De ferwachting is dat it gau weromfertsjinne wurdt.
Yn in parseberjocht skriuwt Kistos dat de fjilden winstjaand binne en in soad jild opsmite kinne. Boppedat kin it gas der aardich duorsem úthelle wurde. Dat wurdt dien mei sinne- en wynenerzjy, sa lit Kistos witte.

Protest ferwachte

Der leit ek in gasfjild ûnder Skylge. Dat wurdt nei alle gedachten net fierder ûntwikkele. It gas is fan lege kwaliteit en der wurdt op 'e nij in soad ferset ferwachte fan eilânbewenners. Dat wie der earder ek al. Yn 2015 en 2016 wie der in soad ferset tsjin de plannen fan Tulip Oil. It eilân kaam yn ferset en Tulip seach eintsjebeslút ôf fan de winningsplannen.
Annet van Essen hat der net in soad betrouwen yn. "Ik heb nog niet zo lang geleden gehoord van de overname en de plannen voor de winning. Dat zet mij wel op scherp en we moeten ons nu eerst goed gaan verdiepen in wat ze precies willen. Vanaf maandag gaan we dan iedereen mobiliseren om ervoor te zorgen dat dit niet gebeurt."