Yn Fryslân minder coronabesmettingen as trochsneed, lanlik mear

Yn de ôfrûne 24 oeren binne der 150 nije coronabesmettingen by kaam yn Fryslân. Dat hat it RIVM bekend makke. Dat binne der sechstjin minder as tongersdei, want doe gie it om 166. Yn trochsneed binne de ôfrûne wike alle dagen 183 besmettingen fêststeld.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
De measte nije besmettingen binne meld yn de gemeenten Súdwest-Fryslân (31) en Ljouwert (18), de twa grutste gemeenten fan ús provinsje. Dêrnei folgje Hearrenfean en Smellingerlân mei elk 14 nije fêststelde coronagefallen.
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. Der wienen wol fiif nije sikehûsopnamen yn ús provinsje, dat giet om ynwenners fan Smellingerlân, De Fryske Marren, Waadhoeke, Dantumadiel en Amelân.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlike sifers

Lanlik binne 7.830 nije coronagefallen registrearre. Yn trochsneed wiene it yn de ôfrûne wike 7.354 deis
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.