Wedstriid frouljusteam Hearrenfean skrast om corona

30 apr 2021 - 15:05

De kompetysjewedstriid fan it frouljusteam fan SC Hearrenfean tsjin Excelsior giet freedtejûn net troch. De twa teams soenen elkoar treffe yn Nijhoarne, mar by de ploech fan de Rotterdammers is in coronagefal fêststeld. Tal fan oare spylsters ha yn nau kontakt west mei de besmette persoan.

Foto: Orange Pictures

Hearrenfean en Excelsior sitte yn pûl B, dat binne de fjouwer ploegen dy't stride om plak fiif oant en mei acht. Nei ien wedstriid stiet Hearrenfean dêr op it twadde plak.

Wannear't de wedstriid ynhelle wurdt, is noch net bekend.

(Advertinsje)
(Advertinsje)