Freedsmerk oer druk op soarch: "Spitich dat it applaus ferstomme is"

30 apr 2021 - 14:21

"Each foar de soarch" : ûnder dy namme hat Omrop Fryslân moandei de hiele dei omtinken foar de soarch en syn meiwurkers. Goed in jier lyn applaudissearre it hiele lân foar de soarch, mar hoe is dat no? We fernamen der al fêst nei op de Ljouwerter freedsmerk.

freedsmerk - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

"Spitich dat it applaus foar de soarch ferstomme is", sei ien fan de merkbesikers. Foar it earst wie it freed wer in folsleine merk, dus ynklusyf alle non-foodkeaplju. It wie ek fuort wer in stik drokker as de lêste moannen en de stimming ûnder de keaplju wie ferromme.

Dochs begrypten se ek de soargen yn de sikehûzen hiel goed. "Als ik hoor dat code zwart dichtbij is, dan houd ik mij hart wel vast!" In oare keapman heakke dêroan ta dat it ek koade swart is foar de hoareka is en foar in soad retailsaken. Neffens him komt it der benammen op oan dat de jildende maatregels as ôfstân hâlde en mûlkapkes brûke, neilibbe wurde.

"Klap in het gezicht"

"Sitewaasjes as yn de Prinsetún mei Keningsdei helpe dan net", sa waard ek opmurken. "Dat zie ik echt als een klap in het gezicht van de zorg. En dat terwijl die mensen zo hard werken. Zij verdienen alle respect!" Oaren wiisden op de polityk dy't de lêste tsien jier de soarchkapasiteit te bot beheind hat: "Dan sjogge jo dat it no sa mar begjint te knipen."

In sikehûsmeiwurkster stie der wat dûbeld yn: "Ik merk en zie hoeveel druk er op staat in de ziekenhuizen, maar mijn man heeft een horecabedrijf, dus die kant zie ik ook. Het is een lastige spagaat!"

Ferslachjouwer René Koster wie op de freedsmerk

Under de nammerd "Each foar de soarch" hat Omrop Fryslân kommende moandei de hiele dei omtinken foar de soarch en syn meiwurkers.

(Advertinsje)
(Advertinsje)