GGD Fryslân net gerêst op gefolgen ferromming coronamaatregels: "Hald noch even fol"

30 apr 2021 - 13:37

GGD Fryslân sjocht mei noed nei de maaiefakânsje en nei de ferrommingen fan de coronamaatregels dy't fan 'e wike ynset binne. Ek al ha de ôfrûne wike minder minsken posityf test op it coronafirus as de wiken hjirfoar, de sifers bliuwe heech. Boppedat binne der wer mear stjergefallen en mear minsken opnaam yn it sikehûs.

GGD Fryslân hat noed oer de ferrommingen

Direkteur Margreet de Graaf fan GGD Fryslân ropt elkenien op om noch even fol te hâlden. "De minsken binne hast kealtsjes yn it lân. Se geane alle kanten op fan blydskip. Mar wachtsje noch even in pear wiken, dan is der wer in grutter part faksinearre. Der rinne no folle mear minsken rûn dy't besmetlik binne as ôfrûne simmer, dus it risiko is folle grutter."

Druk op sikehuzen grut

Net allinnich de GGD, mar ek de sikehuzen binne der net gerêst op. "De druk op de sikehuzen is grut. Operaasjes wurde hieltyd útsteld, omdat der wér te folle coronapasjinten yn it sikehûs lizze. Elke útstelde operaasje is der ien tefolle", seit De Graaf. It coronafirus is op it stuit it meast sichtber by de groep minsken ûnder de fjirtich jier, seit se.

De grôtfolle parken en bygelyks it Cambuurfeest yn Ljouwert, dêr't de minsken harren net oan de coronaregels hâlden, binne net út de sifers te heljen neffens De Graaf. It tal besmettingen en de leeftiidsgroepen yn Ljouwert binne gelyk oan foargeande wiken, seit se. "By boarne- en kontaktûndersyk jouwe de minsken ek net op dat it Cambuurfeest mooglik in oarsaak is."

Margreet de Graaf fan GGD Fryslân

Selstesten minder betrouber

It oantal testen is wat omleech gien, mar yn fergeliking mei de rest fan it lân dogge we it goed, seit De Graaf. In reden kin wêze dat minsken no faker in selstest dogge en net nei in teststrjitte gean. "Dat hoopje we net, want dy selstest is echt bedoeld as in oanfolling op it oanbod en net as ferfanging. Dy selstesten binne bot minder betrouber."

De Graaf seit dat minsken der foarsichtich mei wêze moatte en foar de wissichheid dochs nei in testlokaasje gean moatte, al hielendal by in positive útslach fan de selstest en as der sprake is fan klachten dy't op in besmetting mei it coronafirus wize kinne.

De coronatestlokaasje yn Drachten - Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema
(Advertinsje)
(Advertinsje)