Trije nije leden yn stichtingsbestjoer SC Cambuur

30 apr 2021 - 12:31

Der binne trije nije leden beneamd yn it stichtingsbestjoer fan SC Cambuur. It giet om Ronald Spoelstra út de gemeente Ljouwert wei, Lars Hornstra út namme fan de supporters en Harry van der Zee út namme fan de sponsoaren. It trijetal begjint op 1 maaie.

Hayo Apotheker oer de takomst fan it stichtingsbestjoer:

Hayo Apotheker is op it stuit it iennige lid fan it stichtingsbestjoer. De rest stapte oardel wike lyn op nei bedrigings oan ûnder oare it adres fan earefoarsitter Ype Smid troch in wurknimmer by SC Cambuur.

Nei de trije beneamings binne der noch twa sitten iepen yn it stichtingbestjoer. Dy wurde letter ynfolle út de sertifikaathâlders wei.

'Moaie wikseling fan de wacht'

Apotheker is der wiis mei dat der no trije nije leden binne. "Deze stap is belangrijk, zodat er echt een mooie wisseling van de wacht komt. En voor mij is het een mooie afronding van deze fase. 23 jaar geleden stond ik hier als burgemeester om alle spelers een erepenning van de stad Leeuwarden te geven, omdat ze naar de eredivisie gingen."

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

"Dit nieuwe drietal heeft als taak om verder te gaan met het vinden van twee nieuwe leden van de Raad van Commissarissen", seit Apotheker. "Waaronder die van voorzitter, maar ook de portefeuille financiën. We hebben een prima directie, maar die moet kunnen sparren met commissarissen. Mooi dat dit drietal ermee aan de slag gaat."

Van der Zee fan RfK nei stichtingsbestjoer

Opfallend is dat Van der Zee no yn de Ried fan Kommissarissen sit, mar dus de oerstap makket nei it stichtingsbestjoer. Apotheker: "Het Stichtingsbestuur is daardoor mooi op de hoogte van alle laatste ontwikkelingen. Het betekent wel dat er een extra vacature is in de Raad van Commissarissen."

Hornstra is lid fan supportersferiening Cambuur Culture.

Ferslachjouwer Andor Faber oer de situaasje by SC Cambuur

(Advertinsje)
(Advertinsje)