Maksimale wurkstraf easke foar feroarsaakjen deadlik ûngelok by De Gordyk

30 apr 2021 - 11:32

Justysje easket in wurkstraf fan 240 oeren tsjin in 33-jierrige man fan De Gordyk, dy't begjin ferline jier in deadlike oanriding feroarsake. Op de Nijewei by syn wenplak botste hy frontaal op de auto fan in pear út Jobbegea. De 83-jierrige bestjoerder fan dy auto kaam om it libben.

Rechtbank Noord-Nederland (RNN) yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

De Gordykster wie op 29 jannewaris 2020 mei syn auto op de ferkearde helte fan de dyk telâne kaam. Flak nei de oanriding sei er tsjin in plysjeman en by de meldkeamer dat er mei de autoradio dwaande wie en 'ynienen in klap' hearde. Letter koe er him dat net mear heuge.

De offisier fan justysje giet derfan út dat it gedoch mei de radio derfoar soarge dat de fertochte even syn oandacht net by it ferkear hie. De offisier oardiele dat de Gordykster 'aanmerkelijk onoplettend en onachtzaam' west hie.

De eask fan 240 oeren taakstraf is it maksimum tal oeren dat jûn wurde kin. De rjochtbank docht op 12 maaie útspraak.

(Advertinsje)
(Advertinsje)