RTV NOF nominearre foar lokale omrop fan it jier

30 apr 2021 - 11:09

Streekomrop RTV NOF is nominearre foar de titel fan Omroep van het Jaar 2021. Dat hat de NLPO (Stichting Nederlandse Lokale Publieke Omroepen) tongersdei bekend makke. RTV NOF is de omrop foar Achtkarspelen, Dantumadiel, Noardeast-Fryslân en Tytsjerksteradiel.

Foto: RTV NOF

"Opnij hearre wy by de top fan Nederlân, echt geweldich foar ús redaksje en frijwilligers!", seit RTV NOF-foarsitter Marco Keizer. Yn 2019 waard RTV NOF foar it earst nominearre yn dizze kategory. De omrop hat de ôfrûne jierren flinke stappen set.

RTV NOF docht mei oan in lanlike pilot foar profesjonalisearring fan lokale omroppen, is fusearre mei buoromrop RTV Kanaal 30 yn Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel en wurket gear mei Omrop Fryslân en de NOS.

Lokale Media Awards

Yn totaal binne der njoggen omroppen nominearre foar de priis: Dtv Nieuws, OOG Groningen, OPEN Rotterdam, Omroep Venlo, REGIO8, RTV Maastricht, Streekomroep ZuidWest, WOS en dus RTV NOF. De omroppen meie har presintearje foar in faksjuery.

De Omroep van het Jaar-award is ûnderdiel fan de Lokale Media Awards, Dy wurde op freed 11 juny digitaal útrikt. Neist de priis foar bêste omrop wurde ek prizen útrikt foar radio- en telefyzjeprogramma's en talintfolle jonge presintatoaren.

(Advertinsje)
(Advertinsje)