CU wol deikaart foar bus werom

© Omrop Fryslân
De ChristenUnie yn provinsjale steaten fan Fryslân wol de deikaart werom yn de bus. Minsken dy't net faak mei de bus geane, hawwe neffens de partij noch gjin OV-chipkaart en fine de buskaart dy't se yn de bus keapje kinne te djoer. Yn Limboarch hat in ferfiersmaatskippij om dy reden de deikaart alwer yntrodusearre.
De ChristenUnie wol fan deputearre Johannes Kramer witte oft er wit wat de effekten binne fan ôfskaffing fan de deikaart en oft er ûndersykje wol oft dy kaart wer ynfierd wurde kin.