Kommissaris Arno Brok wol bettere fergoeding foar steateleden: "It is net genôch"

30 apr 2021 - 11:02

Ien op de fiif leden fan Provinsjale Steaten jout oan, om it wurk nei de ferkiezingen fan 2023 del te lizzen. Nochris in kwart tinkt deroer om op te hâlden. Dat meldt it platfoarm Binnenlands Bestuur nei in eigen ûndersyk ûnder in kwart fan alle steateleden yn it lân. De ôfheakkers fine dat se te folle tiid kwyt binne mei gearkomsten en dat de fergoeding te leech is. Kommissaris fan de Kening Arno Brok pleitet foar in bettere fergoeding.

Foto: Omrop Fryslân

Fan alle 570 steateleden hat in kwart, ferspraat oer alle provinsjes, oan it ûndersyk meidien. Se hiene ek krityk op it gedrach fan kollega's en boargers. Dat soe somtiden net ynteger, respektleas en agressyf wêze.

Yn Fryslân stapten de ôfrûne jierren fyftjin steateleden op en net altyd mei in goede reden, seit kommissaris fan de Kening Arno Brok. "We ha ferline wike ôfskied nommen fan trije steateleden, mar dêr siet ek gewoan in ferhaal by. Ien wurdt boargemaster, ien giet nei de Twadde Keamer ta en ien hat der tsien jier ynsitten."

Fergoeding te leech

Brok is it dermei iens dat de fergoeding foar steateleden te leech is. Dy is 700 euro yn de moanne. "Dat liket in soad, mar dat is it absolút net." Neffens him kin in steatelid dêr net in dei mei frijkeapje by in wurkjouwer en it pensjoengat kompensearje. "Dus dy kompensaasje is net iens genôch foar ien mei in reguliere baan. Dat nûget net echt út om steatelid te wurden."

Hy pleitet by it departemint foar Ynlânske Saken foar in bettere fergoeding foar steateleden. Gemeenteriedsleden krije dy yntusken wol en dat moat rjochtlutsen wurde, fynt Brok.

Tiidsbesteging út balâns

Neist de lege fergoeding, is ek tiid ien fan de redenen om op te hâlden. Kaam twa jier lyn de helte fan de steateleden noch út mei de tiid, no is dat in tredde neffens Brok. "It kostet folle mear tiid. Yn in grutte provinsje, lykas by ús yn Fryslân mei fjouwerhûndert doarpen, fjouwer eilannen en alve stêden, binne de minsken ek in soad ûnderweis. Dat betsjut dat der in soad steateleden mear as tweintich oeren de wike dwaande binne mei it wurk. Dus de tiidsbesteging is ek wat út balâns."

Troch it grutte ferrin yn it heechste bestjoersorgaan fan de provinsje giet der kennis ferlern, tinkt Brok. "Want as der gjin kontinuïteit is of minsken dy't ek noch besef ha fan it ferline, dan is dat kollektyf geheugen ek fuort."

Kommissaris fan de Kening Arno Brok

(Advertinsje)
(Advertinsje)