IFKS ûndersiket alternatyf as kampioenskip net trochgean kin dizze simmer

30 apr 2021 - 12:00

It bestjoer fan de IFKS beslist uterlik op 1 juny oft der in kampioenskip komt of net. Dêr hat it bestjoer oerlis oer hân mei Veiligheidsregio Fryslân, de plysje, Provinsjale Wettersteat en de gemeenten Súdwest-Fryslân en De Fryske Marren. Foarearst stiet it kampioenskip noch foar 7 oant en mei 14 augustus op de planning.

Foto: IFKS

Mocht it fanwegen de coronasituaasje net trochgean, dan sjocht de IFKS mei 'skûtsjebubbels' nei alternative wedstriden op de Tsjûkemar foar in spesjale bokaal.

It alternatyf soe wêze moatte dat der yn deselde wike wedstriden op de Tsjûkemar organisearre wurde: trije kear twa dagen mei wedstriden, foar 15 skûtsjes. De bedoeling is om 3 wedstriden op ien dei te silen. Der wurdt syld foar de Tsjûkemar Bokaal.

De skûtsjebemanning en de wedstriidorganisaasje moatte dan yn in 'coronabubbel'. Alle bemanningen sliepe op in eigen folchskip foar tolve lju, dy't yn de mar foar anker leit. Der moat foar twa dagen iten oan board wêze, besite is net tastien.

Fergunning nedich fan gemeente

Foar sa'n alternatyf is in spesjale fergunning nedich fan de gemeente op basis fan de needwet Covid. Dat kin allinne as de organisaasje in goed plan hat dêr't omtinken foar de coronamaatregels is. De GGD jout advys en toetst de plannen. De boargemaster hat eventueel de foech om de wedstriden stil te lizzen.

Foarsitter Sicko Heldoorn fan de IFKS

Mocht der by gemeente De Fryske Marren en oare belutsen helptsjinsten en adviseurs grien ljocht wêze foar in fergunning, dan sil it bestjoer by de skippers ynventarisearje oft der genôch belangstelling foar it alternatyf is. Dêr wurdt dan in skippersgearkomste foar hâlden en leden kinne rieplachte wurde.

Bestjoer freget hiel wat

"Dit alternatief lijkt niet eens op een 'gewoon' IFKS-kampioenschap. Het brengt beperkingen en verplichtingen met zich mee die wij normaal niet van deelnemers en wedstrijdorganisatie zouden durven vragen," sa skriuwt it IFKS-bestjoer. Guon skippers of bemanningsleden sille mooglik net meidwaan wolle, tinkt de organisaasje.

It bestjoer jout oan him ferplichte te fielen om op syn minst de mooglikheid foar in alternatyf te ûndersykjen.

In reaksje fan Pieter-Jilles Tjoelker fan it skûtsje Sterke Jerke

(Advertinsje)
(Advertinsje)