Waadhoeke freget ynput ynwenners oer takomst swimbaden

30 apr 2021 - 10:01

De gemeente Waadhoeke moat kieze hokker swimbaden yn de takomst iepen bliuwe. De swimbaden yn de gemeente binne ferâldere en kinne net fierder sûnder finansjele stipe. Om út te finen hokker swimbaden iepen bliuwe moatte, hâldt de gemeente in enkête ûnder ynwenners.

Foto: Shutterstock.com (Andrey Armyagov)

Krekt as in soad gemeenten sit Waadhoeke yn swier waar. De krimp en fergrizing fan de befolking yn de gemeente hat ynfloed op it takomstich gebrûk fan de baden en op it oanbod. Ek de lokaasjes fan de swimbaden wurde besjoen.

Op it stuit binne der twa iepenbiere oerdekte swimbaden, in iepenloftswimbad en in ynstruksjebassin. De swimbaden binne eigendom fan private partijen. De gemeente jout no allinnich alle jierren jild oan it swimbad yn Sint-Anne. It swimbad yn Menaam hat in pear kear jild krigen.

Stekproef

By it meitsjen fan in beslissing, wol de gemeente ynwenners om harren miening freegje. In ûndersyksburo hat dêrfoar in enkête opsteld. Der wurdt in stekproef dien: in part fan de ynwenners fan Waadhoeke ûntfangt ynkoarten in brief mei in útnûging om mei te dwaan.

De gemeenteried nimt foar de simmer in beslút oft de swimbaden bliuwe kinne of dat der nijbou komme moat.

Trefwurden: 
swimbad enkête Waadhoeke
(Advertinsje)
(Advertinsje)