FIDEO: Fotograaf Ellen de Vries fynt Ofslútdyk 'een magische plek'

De Ofslútdyk hat foar fotograaf Ellen de Vries wat magysk. "Ik zoek altijd naar een bepaalde vervreemding op mijn foto's, en op de Afsluitdijk zijn plekken genoeg om dat vast te leggen." Ellen fotografearret analooch, mei in âlderwetsk fotoroltsje. Sy kin dus net mar omraak knippe: "Je duikt helemaal in je eigen wereld. Ik scherm me af, en zoek de rust en verstilling in mijn beeld. Dat hoort bij mijn hele werkmethode."
FIDEO: Fotograaf
As bern kaam Ellen al op de Ofslútdyk. Sy wenne doe noch yn Fryslân en gie yn Noard-Hollân op fakânsje. Sy begjint der spontaan Frysk fan te praten: "Ik fyn it altyd prachtich as je oer de dyk ride, dat je oer de Iselmar sjen kinne. En dat je je tinzen gean litte kinne."
Mei har foto's wol Ellen sjen litte dat oeral moais te sjen is. "Overal zit een soort schoonheid in en als je daar langer naar gaat zoeken dan krijg je soms een soort vervreemding. Dat je denkt: Wat zie ik nu eigenlijk? Ik vind het mooi om die verwondering over te brengen."
De kommende jierren ûndergiet de Ofslútdyk in flinke ferbouwing. De dyk wurdt fersterke en ferhege om Nederlân ek yn de takomst te beskermjen tsjin it seewetter. Yn 32 reportaazjes, likefolle as it oantal kilometers fan de Ofslútdyk, fertelle Omrop Fryslân en NH Media it ferhaal fan it ikoanyske bouwurk troch de eagen fan de minsken dy't alle dagen mei de dyk te meitsjen hawwe. Alle ferhalen en it oare nijs oer de Ofslútdyk is te finen op ús temaside.