Pestisiden oantroffen yn skriezen by Hallum en Blessum

30 apr 2021 - 08:36

Der binne pestisiden oantroffen yn skriezen by Hallum en Blessum. Dat docht bliken út ûndersyk fan it Centrum voor Landbouw en Milieu en it Louis Bolk Instituut op basis fan ferkennend ûndersyk. Yn alle alve ûndersochte net-útkommen skrieze-aaien en trije deade skriezen waard DDT, in ynsektiside fûn.

Skries op in pealtsje yn de Blokhússleatpolder - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân

DDT is sûnt 1973 net mear tastien yn Nederlân, mar wurdt noch wol altyd oeral yn de natuer fûn. Under oare yn West-Afrika, dêr't de skries oerwinteret, wurdt DDT noch wol brûkt om de koartsneef (malariamug) te bestriden.

"We hebben de grutto's op meer dan 700 stoffen onderzocht. Het is verontrustend dat in alle monsters DDT sit", seit teamlieder bioferskaat Joost Lommen fan it Centrum voor Landbouw en Milieu.

Tinne aaiskyl

DDT hat in negatyf effekt op de dikte fan de aaiskyl fan de skries, wêrtroch't aaien brekke kinne en dus net útbret wurde kinne. "Het kan zijn dat een grutto bijvoorbeeld een worm heeft gegeten en op die manier DDT in zich krijgt", ferklearret Lommen. "DDT is een hele persistente stof, dus die breekt niet snel af."

De stof wurdt neffens Lommen ek wol oantroffen yn iisbearen of rôffûgels. "Je ziet ook dat de DDT van generatie op generatie overgaat." Yn ien skries waard ek DEET fûn, wat minsken brûke op harren hûd of klean om ynsektebiten tsjin te gean.

De skriezepopulaasje yn Nederlân nimt al jierren ôf, wat witen wurdt yntensivearring fan de lânbou. In mooglike oarsaak fan de delgong is de bleatstelling fan greidefûgels oan gemyske stoffen, lykas pestisiden. Ek kin it wêze dat it itensoanbod foar skriezen ôfnaam is troch de pestisiden, meldt it CLM.

Fierder ûndersyk

It Centrum voor Landbouw en Milieu en it Louis Bolk Instituut wolle no neier ûndersyk dwaan nei in grutte groep skriezen om te sjen oft der in ferbân is tusken de dikte fan de aaiskyl en it DDT-gehalte yn it aai. "Of het probleem ook invloed heeft op de reproductie van de grutto is nog de vraag. Dat willen we beter uitzoeken", beslút Lommen.

Joost Lommen fan it Centrum voor Landbouw en Milieu

(Advertinsje)
(Advertinsje)