Kollum: "Wâd ûnder de bealch"

"Neidat de sinne jûn ûnder giet, begjint it Keltyske fruchtberensfeest Beltane. It wie eartiids ien fan de wichtichste feesten dy't útlitten fierd waarden mei fjoer, iten, drinken, dûnsjen en romantyk. Jonge pearkes giene dizze nacht de natuer yn om te frijen om sa symboalysk de fruchtberens oer te jaan oan de fjilden en bosken.
Hilda Talsma © Omrop Fryslân
De toan fan Hilda Talsma
Troch ferskate rituelen hopen se op gelok, sûnens en fruchtberens foar likegoed minsk as bist én op in goede rispinge yn dat jier. It wie yn dy tiid normaal om de ierde te earjen mei rituelen want de ferbining mei it lân, de bisten en de seizoenen wie tige wichtich. En as alles goed gie, dan koene se de winter ek wer fatsoenlik trochkomme.
Op guon plakken wurdt it noch fierd, mar ik tink dat it yn ús provinsje net hiel bekend is. Dochs krige ik dizze wike wol it idee, dat alhoewol't it net bewust fierd wurdt, der wol oerienkomsten wiene op Keningsdei. In protte lju, en dan benammen de jongerein, socht inoar op yn bosk en fjild en sy holden har net mear dwaande mei de coronaregeleminten. It wie smoardrok yn ûnder oaren de Prinsetún en yn de bosken by Aldemardum wie it ek feest, kompleet mei in freugdefjoer.
It testosteron fleach alle kanten út mei it moaie waar en de agresje tsjin de plysje wie grut, haw ik lêzen. De ME waard sels oproppen en yn de Prinsetún waard de plysje ek bekûgele mei flessen. Ik praat sok gedrach net goed, mar ik begryp it ta in hichte wol. In protte bern fine dit de moaiste tiid fan it jier en mei de lange lockdown en jûnsklok wie der net in soad mear te belibjen.
Sa't op't heden de frisgriene jonge bledsjes de tûken út brûze, sa like de jongerein wol as pystige hynsteblommen de grûn út te sjitten. Sjen en sjoen wurde en gesellich mei inoar op in klute op it sêfte gers sitte. Mei de sinne yn 'e holle ûnder de folle moanne neigenietsje en mei in pear bierkes of flinters yn it búkje fielden se har wer efkes frij. Ik wit wol dat it yn dizze omstannichheden eins net sa heart, mar hawwe wy allegearre net jong west?
Ik sjoch it mar as it begjin fan in fruchtbere perioade dy 't útlitten fierd is mei fjoer, iten, drinken, dûnsje en grif de nedige romantyk. Foar wa't it tsjin siet, hat de plysje mar útdage en bekûgele en wa't gelok hiene, hawwe miskien wol earne in plakje fûn om de leafde te bedriuwen. De kâns is grut dat it net yn 'e natuer west hat, sjoen it feit dat eltsenien nei hûs moast fan de boargemaster mar hjir en dêr is grif wat lichaamlik wurk ferrjochte.
Der is ek nochal wat wurk ferrjochte troch de minsken dy't dyselde jûns, of in dei letter alle rotsoai opromme hawwe dy't de jongerein ferjitten hat fuort te smiten! Soks hat neat mei leafde en bining foar en mei de natuer te krijen mar alles mei ûnferantwurdlik en eigenwiis gedrach! Myn hert brekt as ik sjoch wat se wer achteleas lizze litten hawwe en dêr kin ik mar min oer.
As de jongerein de takomst hat dan haw ik begrutsjen mei de ierde! Gjin gefoel fan eare of respekt. Ikke, ikke, ikke en de natuer kin stikke, ûnder alle rotsoai dy't lizzen bliuwt! Ik kin fier gean yn myn begryp foar de meneuvels fan de jongerein, mar mei sok gedrach fertsjinje sy wat my oanbelanget in bêste wâd ûnder de bealch! As de rispinge fan de moderne opfieding mislearre is dan moatte we mar werom nei de rituelen fan eartiids."