Bestjoerder te wetter nei plysje-efterfolging by Rottum

30 apr 2021 - 06:46

In automobilist hat tongersdeitenacht by Rottum in wiet pak oerhâlden doe't er útpykte foar de plysje. De man wie nei in efterfolging de feart yn riden.

Foto: De Vries Media

Earder dy nacht wie in efterfolging ûntstien mei de auto. De plysje ferlear de bestjoerder út it each: de auto bliek de feart yn riden. Doe't de aginten de auto oantroffen, alarmearren sy fuortendaalks de brânwacht, ambulânse en traumahelikopter.

De bestjoerder wie poater, wêrnei't der in sykaksje opset waard. Nei in skoftke waard de man oantroffen. Hy bliek ûnder ynfloed en is oanhâlden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)