Tal besmettingen nimt ôf, mar stjergefallen en opnamen nimme ta

It tal coronabesmettingen dat dizze wike yn ús provinsje meld is, leit wat leger as in wike earder. Dizze wike wiene it der 1.358, ferline wike gie it om 1.505 besmettingen. It tal stjergefallen as gefolch fan it coronafirus gie lykwols wol omheech: fan 1 nei 4. Ek it tal nije sikehûsopnamen gie omheech fan 8 nei 17 yn de wike.
De measte besmettingen binne dizze wike meld yn de gemeente Ljouwert: it giet om 215 besmettingen. Dêrnei folget Súdwest-Fryslân mei 162 besmettingen.

Omrekkene measte besmettingen yn Harns

Omrekkene nei it tal ynwenners sjit de gemeente Harns der aardich boppeút. Dêr wiene yn de ôfrûne wike 324 besmettingen op 100.000 ynwenners. Dêrnei folget De Fryske Marren mei 244 besmettingen op 100.000 ynwenners.
Mei mear as 250 besmettingen per 100.000 ynwenners is der neffens it RIVM sprake fan 'extreem veel' nije besmettingen. Dan jildt it risikonivo 'zeer ernstig'. Dat is allinne yn Harns noch it gefal yn de ôfrûne wike. As it tal besmettingen yn de wike tusken de 100 en 250 per 100.000 ynwenners leit, is de situaasje 'ernstig'.
© Omrop FryslânOmrop Fryslân, Aise van Beets

Mear as 38.000 Friezen hawwe corona hân

Mei de 1.358 positive testen fan de ôfrûne wike is no yn totaal by 38.919 Friezen it coronafirus fêststeld.
It tal stjergefallen gie neffens it RIVM wer wat omheech: fan 1 nei 4. It offisjele stjertesifer yn Fryslân yn ferbân mei it coronafirus leit no op 463. It werklike tal stjergefallen as gefolch fan it firus leit heger, om't net eltsenien test wurdt. Dêrom is net fan elts stjergefal bekend oft dat oan it firus lei of net.
Sjoch foar mear sifers en foar grafiken oer it coronafirus op ús dossierside.

Tal besmettingen en stjergefallen de wike

WIKE BESMETTINGEN STJERGEFALLEN
23 april - 29 april 1.358 4
16 april - 22 april 1.505 1
9 april - 15 april 1.470 6
2 april - 8 april 1.533 4
26 maart - 1 april 1.651 7
19 maart - 25 maart 1.666 10
12 maart - 18 maart 1.611 10
5 maart - 11 maart 1.180 16
26 febrewaris - 4 maart 1.162 19
19 febrewaris - 25 febrewaris 1.350 21
12 febrewaris - 18 febrewaris 1.129 39
5 febrewaris - 11 febrewaris 1.207 41
29 jannewaris - 4 febrewaris 1.181 30
22 jannewaris - 28 jannewaris 1.310 29
15 jannewaris - 21 jannewaris 1.592 20
8 jannewaris - 14 jannewaris 1.529 18
1 jannewaris - 7 jannewaris 1.697 17
25 desimber - 31 desimber 1.644 19
18 desimber - 24 desimber 1.804 5
11 desimber - 17 desimber 1.384 6
4 desimber - 10 desimber 974 4
27 novimber - 3 desimber 703 9
20 novimber - 26 novimber 672 13
13 novimber - 19 novimber 720 17
6 novimber - 12 novimber 561 6
30 oktober - 5 novimber 838 8
23 oktober - 29 oktober 926 9
16 oktober - 22 oktober 1.051 5
9 oktober - 15 oktober 1.160 2
2 oktober - 8 oktober 666 0
25 septimber - 1 oktober 515 0