Stellerij op Noarderbegraafplak Ljouwert soarget foar pine by neibesteanden

29 apr 2021 - 21:42

Fan it iene grêf in byld, fan it oare in faas;.by guon grêven op it Noarderbegraafplak yn Ljouwert binne de ôfrûne tiid saken ferdwûn. Licht is it guod net dat meinaam is: de measte objekten binne fan beton of moarmer. Om it jild wie it de dief of dieven ek net te dwaan. Djoerdere spullen lieten sy stean.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Theun Poelstra fan Ljouwert fersoarget twa grêven op it Noarderbegraafplak. Fan beide is de lêste tiid guod ferdwûn. Hy hat lang om let oanjefte dien. De plysje fan Ljouwert docht no ûndersyk en freget neibesteanden om te sjen oft sy ek wat misse fan it grêf.

"Ik haw earst ek gjin oanjefte dien", seit Poelstra. "It is in hiel gedoch altyd. Mar ja, as der foar de safolste kear wat meinaam wurdt, is it klear."

Ferslachjouwer Hayo Bootsma yn petear mei Theun Poelstra fan Ljouwert

Syn omkesizzer lit in foto sjen fan ien fan de bylden dy't stellen is. It giet om in grutte ingel fan in 50 sintimeter heech. "Ja, dy is goed swier. Dat is gewoan beton. De keunstblommen dy't der yn sitte binne ek swierder makke mei sân. Dat hawwe se gewoan stikken makke, skande."

Grêven skeind

Wat Poelstra is meast rekket is dat it grêf skeind is. "Wy komme hjir op de jierdeis, op feestdagen. Dit is foar ús as famylje in hiel belangryk plak. Dêr moatte je ôfbliuwe. Bliuw fan in oar syn guod ôf. As sy it hawwe wolle, kinne sy it ek freegje."

De omkesizzer lit Poelstra in berjocht sjen. Der stiet dat der mooglik in persoan oanholden is. It is in skrale treast: "It giet der net om dat je it kwyt binne, mar de famylje wol der graach wer wat delsette en it moat net wer kwyt."

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
(Advertinsje)
(Advertinsje)