Grouster feroardiele ta wurkstraf foar riden mei himp en xtc-pillen

29 apr 2021 - 20:55

In 29-jierrige ynwenner fan Grou is feroardiele ta in maksimale wurkstraf fan 240 oeren foar it omriden mei drugs. De fertochte ried yn jannewaris 2019 troch Berltsum mei hast 50 xtc-pillen en sa'n 4 kilo himp, mei in wearde fan sa'n 16.000 euro. De offisier easke fjouwer moannen sel, mar der koe net bewiisd wurde dat de man yn drugs hannele. Dêrom bliuwt de straf beheind ta in wurkstraf.

Rechtbank Noord-Nederland - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

De fertrochte foel op troch syn nuvere gedrach. De Grouster woe net dat de plysjeminsken yn de kabine fan syn bestelbus seagen. Dêr leine de drugs, sa die bliken. De fertochte sei dat er de auto liend hie en fan neat wist, mar dat fûn de rjochter net oannimlik.

Trefwurden: 
Grou Berltsum himp drugs
(Advertinsje)
(Advertinsje)