Ansie wurket op covid-ôfdieling yn Curaçao: "It wie pittich de earste wiken"

29 apr 2021 - 19:12

Ansie Korenstra fan De Lemmer is ien fan de tsientallen soarchmeiwurkers dy't helpe op de covid-ôfdieling fan it sikehûs op Curaçao. Yntusken is sy hast fjouwer wiken op it eilân. Doe't Korenstra arrivearre, wiene hast alle intensive care-bêden fol. "Mar aldergeloks nimt it tal besmettingen ôf en der binne wer in tal ôfdielingen leech."

Coronamaatregels yn Willemstad op Curaçao - Foto: ANP

"It wurdt no wol better, mar it wie wol pittich yn de earste wiken. Der wiene in hiel soad sike minsken," fertelt Korenstra. De meast sike minsken lizze op de intensive care en op de medium care. "It wie swier, mar it slimste hat no west. Wy krije wer wat lucht. Je hoopje dat je minsken wat bystean kinne. En efkes mei harren prate en harren ferhaal oanhearre. Wy rinne yn pakken, dus dat is net altyd like maklik. Mar wy dogge ús bêst."

Benaud en benaud

Korenstra wurket op de covid-ôfdieling, dêr't noch de minst sike minsken lizze. "Mar sy binne dochs wol siik: benaud, wurch en ynein. Minsken binne faak ek benaud foar hoe't it fierder giet. En se krije soerstof."

De Lemster hie altyd al de winsk om ris yn it bûtenlân te wurkjen. "Ik folge útstjoerburo's dy't minsken nei it bûtenlân útstjoere. Doe kaam hjir in oprop foar foarby. Je moasten wol op koarte termyn kinne, mar dat koe aldergeloks by myn wurk." It ministearje fan Folkssûnens hie driuwend ferlet fan ekstra hannen op it Karibyske eilân. Binnen in wike siet Korenstra op it eilân. Sy wennet dêr tydlik yn in resort, fierder sjocht sy net in soad fan it eilân.

Noch in moanne wurk

Sy bliuwt no noch in moanne op Curaçao. In kar dêr't har húshâlden yn Fryslân hielendal efter stiet. "Myn bern binne al wat grutter, de jongste is 21. Ik haw it wol mei harren bepraat, frege wat sy fine soene. Mar sy wisten dat ik it graach in kear woe. Sy fûnen it ek wol stoer, sy wiene wol grutsk. As sy der net efter stien hiene, hie ik it ek net dien."

Harkje nei Ansie Korenstra út Curaçao wei

(Advertinsje)
(Advertinsje)