Fryske organist Liuwe Tamminga (67) ferstoarn yn Italië

29 apr 2021 - 18:07

De yn Himmelum berne en yn Huzum opgroeide organist Liuwe Tamminga is woansdei op 67-jierrige leeftiid hommels ferstoarn oan in hertstilstân yn syn wenplak Bologna yn Italië. Tamminga stie ynternasjonaal bekend as spiler en promotor fan Italiaanske oargelmuzyk út de 16de en 17de iuw.

Foto: Webside fan Liuwe Tamminga

Ien fan syn bekendste optredens yn ús lân wie doe't hy op fersyk fan de keninklike famylje it oargel bespile by de routsjinst fan prins Claus en yn it jier fan de Kulturele Haadstêd 2018 hat hy noch yn alle alve stêden op it oargel spile.

Al jong muzikaal

Ien fan syn bruorren, Meile Tamminga, fertelt dat it muzikale der al betiid yn siet. De bruorren moasten fan harren mem op harmoanium-les. De jonge Liuwe kaam de oare jonges al rap foarby. Tamminga studearre oan it konservatoarium yn Grins foar oargel en klavesimbel. Yn 1980 wûn hy it nasjonaal oargel-ymprovisaasjekonkoers yn Boalsert.

Italiaanske Renêssânse-muzyk

Nei syn stúdzje makke hy de kar om him te spesjalisearjen yn Italiaanske Renêssânse-muzyk. Hy krige les yn Italië, dêr't syn talint ek opmurken waard. Begjin jierren 80 waard Tamminga beneamd as bespiler fan twa histoaryske oargels yn de San Petronio yn Bologna.

Hy mocht spylje yn de mis. Foar guon Italianen wie it in stikel yn 'e foet: in bûtenlânske protestant dy't op ien fan de moaste oargels fan Italië spylje mocht. Mar foar Tamminga wie it in grutte kâns.

Harkje nei oargelmuzyk fan Liuwe Tamminga en nei in petear mei syn broer Meile Tamminga

Tamminga hie in soad kennis fan Italiaanske oargelmuzyk en joech in soad konserten. Hy brocht iuwenâlde Italiaanske muzyk wer ta libben. Fierder wie Tamminga ek aktyf by it San Colombanomuseum mei histoaryske muzykynstruminten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)