Measte jûnsklokboetes útdield yn de gemeente Ljouwert

De measte jûnsklokboetes yn Fryslân binne útdield yn de gemeente Ljouwert. Dêr binne yn de ôfrûne trije moannen 886 boetes jûn oan minsken dy't harren net oan de jûnsklok hâlden. Dat docht bliken út in oersjoch op de website fan de plysje. De jûnsklok gie earst om njoggen oere yn en letter waard it tsien oere.
© Omrop Fryslan
Nei Ljouwert folgje de gemeenten Súdwest-Fryslân mei 388 en Smellingerlân mei 329 boetes. Op Skiermûntseach binne de minste boetes útskreaun: mei-inoar wiene it wol fjouwer.
De jûnsklok tsjin de fersprieding fan it coronafirus waard op 23 jannewaris troch it kabinet ynsteld en ferrûn woansdeitemoarn. De plysje hat lanlik 95.000 boetes útskreaun foar it skienen fan de jûnsklok.

Tal jûnsklokboetes de gemeente

Ljouwert: 866
Súdwest-Fryslân: 388
Smellingerlân: 329
De Fryske Marren: 203
Hearrenfean: 125
Noardeast-Fryslân: 111
Waadhoeke: 106
Achtkarspelen: 103
Opsterlân: 64
Weststellingwerf: 50
Tytsjerksteradiel: 43
Harns: 42
Eaststellingwerf: 34
It Amelân: 32
Dantumadiel: 29
Flylân: 14
Skylge: 11
Skiermûntseach: 4