FIDEO: Glês-yn-lead-ruten foar jubileum oarlochsstichting teplak set yn Ljouwert

In spesjaal momint foar de Stichting Friesland 40-45: it keunstwurk fan glês-yn-lead is set yn de Blokhúspoarte yn Ljouwert. It binne trije ruten dy't de Twadde Wrâldoarloch betinke. It keunstwurk is makke ta gelegenheid fan it 75-jierrich jubileum fan Stichting Friesland 1940-1945 en is ûntwurpen troch keunstnersduo Gerard Groenewoud en Tilly Buij.
Sjoch hjir nei it setten fan de ruten:
Keunstwurk jubileum Stichting 40-45 teplak set