Riedsleden ferbjustere oer besletten geitehâlderij-oerlis Weststellingwerf

29 apr 2021 - 16:47

Yn de gemeenteried fan Weststellingwerf is konsternaasje ûntstien oer de oanfragen fan geitehâlderijen. De gemeente hat ferline wike besletten dat der gjin nije geitehâlderijen komme meie en dat besteande bedriuwen net útwreidzje meie. It kolleezje wie benaud dat der noch fluch in soad oanfragen komme soene en keas foar in geheime gearkomste. Dat foel net by alle fraksjes goed: guon riedsleden binne lilk út it oerlis stapt.

Weststellingwerf yn 'e besnijing om geitehâlderijen

Ien fan de opstapte riedsleden is Ton Mulder fan de fraksje fan Blijf Stellingwarfs. Hy leit út dat der net praat wurde mocht oer it ûnderwerp, it gie om in besletten riedsgearkomste. "In de 19 jaar dat ik in de raad zit heb ik dat nog nooit meegemaakt. De burgemeester heeft er ook veel moeite mee gehad. Het was heel chaotisch."

Iepen polityk

Mulder pleitet foar in iepen en demokratyske polityk. "Een politiek waarin burgers weten waarover we praten en beslissingen nemen. Dat hebben we meteen aangegeven: dit moet in openbaarheid. Je hebt het recht om je mening te geven, of je nu voor of tegen bent. De raadsleden moeten dat mee kunnen nemen. Maar dat was hier weggevaagd."

Foto: Shutterstock.com (travelfoto)

Neffens Mulder kaam dat benammen om't men benaud wie foar in grutte tastream oan geitehâlderijen. Lanlik sjoen mei dat op in soad plakken al net mear, mar yn Weststellingwerf wie der noch wol romte foar yn it âlde bestimmingsplan. "Het argument was: als men in andere regio's zou weten dat er hier een hiaat zit in de omgevingswet, dan zouden er wel 200 aanvragen kunnen komen van agrariërs die om willen schakelen naar een geitenhouderij. Die zijn meer rendabel dan veehouderijen. Daarom wilde men dat er geen nieuwe aanvragen in behandeling konden worden genomen."

Gjin sliepende hûnen wekker meitsje

It kolleezje woe dus gjin sliepende hûnen wekker meitsje. It fersyk fan it kolleezje fernuvere ek Ronald Westenberg fan D66. "Het stuitte mij tegen de borst. Dit is een normaal onderwerp, dat niet achter gesloten deuren hoort. Het dient besproken te worden. Daarom hebben wij gezegd: aan deze manier van politiek bedrijven doen wij niet mee. De reden is dat de angst regeert: stel nou dat iedereen hier in Weststellingwerf een geitenhouderij wil beginnen."

Konsekwinsjes drage

Der waard in ûndersyk oanhelle wêrby't der sein waard dat geitehâlderijen in risiko foar de folkssûnens wêze soene. Westenberg: "Dat gaat ons te ver. Als verstandige mensen hebben wij die bestemmingsplannen opgesteld. Als die ruimte bieden voor zulke dingen, dan hebben we het niet goed of bewust op papier gezet. Dan zijn de consequenties voor ons. De boel staat nu tijdelijk op slot."

Der rinne inkeld noch trije oanfragen dy't der al wiene. Twa foar omsetting fan in agrarysk bedriuw nei in geitehâlderij yn Boyl en De Hoeve, en ien foar in útwreiding fan in geitehâlderij yn Aldeholtpea. "Die verzoeken lopen nog. Maar de rest gaat niet door," seit Westenberg.

(Advertinsje)
(Advertinsje)