Hotel yn Wolvegea hat argewaasje oer oerlêst Vlinderslag-gebiet

29 apr 2021 - 16:08

It hotel fan Van der Valk yn Wolvegea hat argewaasje oer fandalisme, oerlêst en ôffal op de njonkenlizzende Vlinderslag, in swimwetter mei in strantsje. Besikers fan it hotel steure harren oan jongelju dy't by de Vlinderslag omhingje. Neffens it hotel hâlde guon minsken Van der Valk ferantwurdlik foar it opromjen, mar mei in ferklearring wiist it hotel der op dat it om iepenbier gebiet giet dat eigendom is fan de gemeente.

De Vlinderslag en it hotel - Foto: Google Street View

It hotel is dus net ferantwurdlik foar it hanthavenjen fan de regels, al romje sy geregeld ôffal op út eigen beweging. It hotel wol opnij yn petear mei de gemeente om ôfspraken te meitsjen. It is net tastien om jûns alkohol te drinken by it strân, mar dat bart wol. Mei Keningsdei wiene der ek sa'n 40 jongelju dy't ôffal efterlieten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)