Ljouwert jout kuierders romte: auto's út binnenstêd, fytsplakken en stekken by Prinsetún

29 apr 2021 - 15:47

Fan freed ôf is de binnenstêd fan Ljouwert alle freedtemiddeis en sneonen ferbean terrein foar auto's en fytsen. Gemeente Ljouwert hat opmurken dat it troch de ferromming fan coronamaatregels wer drokker wurdt yn de stêd. Dêrom binne der ferskate maatregels troffen yn de binnenstêd, de Prinsetún en op De Schrans.

Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

De sneonsmerk oan de Nijstêd komt op de strjitte te stean, yn stee fan op de stoepe. Sa kinne kuierders dus ek oer de dyk. Fierder wol de gemeente sintrale fytsestallingen, sa't der op de stoepen yn it winkelgebiet ek wer mear romte komt.

Binnenstêdmanager Hayo Galema jout oan dat de gemeente graach wol dat minsken op in ferantwurde wize de stêd yn kinne. "En dat sy ôfstân hâlde kinne. De sneonsmerk komt ek op de strjitte. It betsjut dat it ferkear der út moat en dat der oan de rânen fan it gebiet parkearre wurde moat. It giet echt om it winkelhert fan Ljouwert. It wurdt it domein fan de kuierder."

Ienrjochtingsferkear

De gemeente seit ek ienrjochtingsferkear ynstelle te kinnen oan de Kleine Kerkstraat, Lombardsteeg, Doelesteeg en de stille kant fan de Nijstêd. Dizze strjitten binne smel en faak drok.

Prinsetún en De Schrans

Om de Prinsetún hinne komme stekken en yn it park wurde gasthearen ynset foar tafersjoch op drokte en it hâlden fan 1,5 meter ôfstân. As it te drok is, kin it park ôfsletten wurde. Op De Schrans wurde fytsestallingen ferpleatst nei sintrale plakken op de parkearfakken yn de middenstreek. Sa ûntstiet der mear romte op de stoepen.

Galema: "It binne beide plakken dy't drok besocht wurde. Der wurdt better tafersjoch holden by de Prinsetún op it tal minsken dat der is. As it nedich is, wurdt it ôfsletten. En by De Schrans wolle wy de stoepen frijmeitsje, sa't eltsenien inoar passearje kin."

Binnenstêdmanager fan Ljouwert Hayo Galema

(Advertinsje)
(Advertinsje)