166 nije coronabesmettingen yn Fryslân yn de ôfrune 24 oeren

29 apr 2021 - 15:20

Yn de ôfrûne 24 oeren binne der 166 nije coronabesmettingen by kaam yn Fryslân. Dat hat it RIVM bekend makke. Dat binne der 26 minder as woansdei, want doe gie it om 192. Yn trochsneed binne de ôfrûne wike alle dagen 194 besmettingen fêststeld.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

De measte nije besmettingen binne meld yn de gemeenten Ljouwert (31) en Smellingerlân (20). Dêrnei folgje Súdwest-Fryslân en Noardeast-Fryslân mei 17 nije fêststelde coronagefallen.

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. Der waarden ek gjin nije sikehûsopnamen meld yn ús provinsje.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlike sifers

Lanlik binne 7.344 nije coronagefallen registrearre. Yn trochsneed wiene it yn de ôfrûne wike 7.564 deis.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)