It wurdt stil yn de Joadske skoalle yn Ljouwert: learlingen nimme ôfskie

29 apr 2021 - 15:12

Fan tongersdei ôf wurdt it stil yn it gebou fan de Joadske skoalle yn Ljouwert. Learlingen fan iepenbiere basisskoalle Oldenije dy't de Joadske skoalle brûkten as dependâns, hawwe der ôfskie fan nommen. Dat diene se mei in yndrukwekkende seremoanje wêrby't se stilstiene by de drôvige skiednis fan it gebou.

Learlingen hawwe ôfskie naam fan de Joadske skoalle

Yn de Twadde Wrâldoarloch waarden de measte bern troch de nazi's oppakt en yn konsintraasjekampen fermoarde. Yn maart 1943 waarden de lêste ûnderwizeres Estella Zendijk en twa leerlingen meinommen troch de Dútsers. De Oldenije hat de Joadske skoalle 25 jier brûkt as tydlike lokaasje.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

De Dusnusskoalle, neamd nei de opperrabbyn fan doe, waard iepene yn 1886. Joadske bern krigen dêr les yn de Hebriuwske taal en yn godstsjinst. Dat diene se neist harren lessen op de gewoane iepenbiere skoalle. Yn de oarloch hâlden de Dútsers de Joaden apart fan de oare minsken en dat betsjutte dat de bern aliinnich noch mar nei de Dusnusskoalle mochten.

'Het kind is er niet meer'

Yn de rin fan de oarloch rekken hieltyd mear banken leech. De bern waarden oppakt of dûkten ûnder. Yn maart 1943 gie it slot op de doar, alle bern wiene fuort. As oantinken oan dit drama stiet op de gevel de Bibeltekst: 'Het kind is er niet meer'.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Wat der mei it lege gebou barre sil, is net bekend. De bern ferhúzje mei alle oare bern nei in tydlike lokaasje. As it haadgebou oan de St. Anthonystrjitte klear is, geane se allegearre werom. "Ik ben blij dat we dan weer met alle groepen en kinderen bij elkaar zitten. Toch zal ik dit gebouw missen. Er zijn hier verdrietige dingen gebeurd met kinderen zoals ons. Daar heb ik vaak tijdens de lessen aan gedacht," seit learling Fien Folkerts.

It drama fan de oarloch

Mei de oare learlingen fertelden se by it Joadske monument neist de skoalle it ferhaal fan de âld-leerlingen Bram en Eva Beem. Sy dûkten ûnder op de Feluwe, mar waarden ferret. De beide bern binne fermoarde yn konsintraasjekamp Auschwitz. De âlden oerlibben de oarloch. Se kamen noait mear oer dit drama hinne. "Als we lachten, lachten we met ons gezicht, niet met ons hart."

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Foar skoaldirekteur Karin Dokter wie it in spesjale dei: "Dit is voor ons een heel bijzonder moment. Na zoveel tijd is het dan eindelijk zover. We willen stilstaan bij dit bijzondere en grootse moment. We willen ons niet alleen bezinnen op dit afscheid, maar ook stilstaan bij alle Joodse kinderen die in dit gebouw naar school zijn gegaan. Het vieren van de kleine en grote dingen zit de Jenaplanschool in het bloed. We gaan straks ook weer vieren dat we verhuisd zijn. En we maken er samen een mooie, eigen plek van!"

(Advertinsje)
(Advertinsje)