Mear as twatûzen fans by Cambuur-De Graafschap: "Dat is miskien wol it moaiste"

Freed 25 septimber 2020; dat wie de lêste kear dat der supporters yn it Cambuurstadion sieten by in wedstriid fan de Ljouwerters. Freed sil it wer barre, as De Graafschap op besite komt by SC Cambuur. Der sille sa'n 2.400 fans yn it stadion sitte en dy sille in Cambuur sjen dat mei de fertroude spilers begjint en de wedstriid like serieus nimt as alle oaren.
Trainer Henk de Jong wol gewoan syn sportive plicht dwaan
De promoasje is behelle, de titel is binnen. Je soene sizze dat Cambuur nergens mear foar spilet, mar dat is neffens trainer Henk de Jong net wier. De klup wol de lêste trije wedstriden 'gewoan' winne en ek de fjirde perioadetitel op syn namme skriuwe. Cambuur start mei deselde basisspilers as de lêste wiken, fertelt De Jong: "Wy spylje gewoan om te winnen. Dat moat ek. Dat soe Mike Snoei sels ek dwaan."
Allinnich Jamie Jacobs en Stanley Akoy ûntbrekke troch in blessuere by de seleksje, dy't ûntspannen talibbet nei de konfrontaasje mei de nûmer twa fan de earste difyzje. Dat fernimt ek Michael Breij. "De sfeer is heel anders, want we hebben ons doel behaald. Maar we moeten gewoon voor de drie punten spelen. Als het wat slapper is, moeten we elkaar ook gewoon terechtwijzen."
De Jong hat op de trainings dizze wike wol besocht om syn spilers op skerp te setten. Hoe krekt? "Sa no en dan even lekker foeterje. Mar, ik bin ek net gek. It kin beide kanten op gean. It kin ek hiel goed rinne." Soargen oer de ynset fan syn ploech hat De Jong lykwols net. "Ik fertrou myn jonges hûndert prosint."
De lêste kear dat der fans yn it Cambuur Stadion wêze mochten © Orange Pictures

Publyk

Dat der mear as twatûzen supporters yn it stadion sitte sille, is foar De Jong in boppeslach. "Dat is miskien wol it moaiste fan moarntejûn. Ik hoopje dat we in eareronde meitsje kinne, wat der ek mei de wedstriid gebeure sil. Dat soe moai wêze."
Ek Breij sjocht der wer nei út om foar fans te spyljen. "Ja, enorm! Het is zo'n verschil met als het stil is. Ik kijk er enorm naar uit en familie mag ook komen. Dat is ook wel fijn, dat er iemand speciaal voor jou zit."
Der meie 2.500 fans yn it stadion sitte by Cambuur tsjin De Graafschap, mar der binne dus noch sa'n hûndert plakken ûnbeset.
Michael Breij is wer bykaam fan it kampioensfeestje
De wedstriid tusken SC Cambuur en De Graafschap begjint freedtejûn om 20.00 oere. It is live te folgjen yn in ekstra sportprogramma by Omrop Fryslân op 'e radio. Ferslachjouwer Andor Faber jout it kommentaar by de wedstriid. In dei letter is der yn it Cambuur Sjoernaal in wiidweidige gearfetting te sjen fan it duel tusken de nûmers ien en twa fan de earste difyzje.
De seleksje fan Cambuur belibbe ferline wike op 'e nij in feestje trochdat it kampioenskip behelle waard by Jong AZ. Dêr is Breij yntusken wol wer fan bekaam. "Ja, zeker. Ik heb weer genoeg slaap gehad, dus ik voel me weer prima", laket de middenfjilder, dy't ek noch opdûkte op in filmke dat troch ferskate WhatsApp-groepen gie. Dêrop wie te sjen dat Breij tegearre mei Mitchel Paulissen dûnse op it Saailân, sneontemoarns betiid nei it kampioensfeest.
"We hebben ons echt stuk gelachen. We zijn twee gekken bij elkaar", fertelt Breij. "Dan heb je ook nog een klein biertje op en dan kan het wel zo'n avond worden. We schamen ons er ook niet voor, het was gewoon even lachen."
Dogge Michael Breij en Mitchel Paulissen harren dûnske by in goal?

Huldiging

Sneontemiddei wurdt de seleksje fan Cambuur huldige troch de gemeente. Dat wurdt dien mei in helikopterflecht oer de stêd. Henk de Jong sil dan mei syn ploech de loft yngean, alhoewol't net eltsenien dêrom stiet te springen. "Ik doch it wol!", seit De Jong. "Dat is in kadootsje fan de gemeente en de boargemaster. Ik fyn dat wol moai."
Fan de spilers is wis dat Calvin Mac-Intosch it yn elts gefal net oandoart, mar der binne noch wol mear. Hoe sit dat mei Breij? "Ik vertelde het tegen mijn ouders en ik zei: 'Ik ga het niet doen'. Zij zeiden: 'Mikey, dit maak je nooit meer mee'! Dus toen heb ik toch maar ja gezegd. Ik ben niet zo dapper met hoogtes en vliegen vind ik helemaal niets. Maar als we dit voor de supporters kunnen doen, dan ga ik dat maar doen."

Te sjen by de Omrop

De helikopterflecht sil sneon tusken 13.00 oere en 14.00 oere te folgjen wêze by Omrop Fryslân op radio en telefyzje.