Ljouwerter hegeskoalle NHL Stenden siket hûndert nije dosinten

29 apr 2021 - 14:26

NHL Stenden yn Ljouwert wol der foar septimber hûndert nije dosinten by ha. De hegeskoalle wol mei de ekstra minsken learachterstannen by studinten fuortwurkje, dy't se oprûn ha troch de coronakrisis. Oar doel fan de grutte wervingskampanje is dat de kwaliteit fan it ûnderwiis ek yn de takomst op peil bliuwt.

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

It ôfrûne jier moasten learlingen hast folslein digitaal ûnderwiis folgje. Dat hat in soad fan harren frege, seit de hegeskoalle. Guon studinten hawwe persoanlike begelieding fan dosinten mist of stúdzjefertraging oprûn. No't NHL Stenden wer iepen is, wol de hegeskoalle studinten sa goed mooglik helpe opstarten. Dêrfoar wurdt der folop ynset op nije dosinten.

Leare en wurkje tagelyk

De wervingskampanje is de kommende tiid rûnom te sjen, bygelyks yn kranten, online of op bushokjes, en wurdt sawol yntern as ekstern útrôle. "Nieuwe docenten die uit het werkveld komen zijn van grote toegevoegde waarde voor onze studenten. Zij brengen recente kennis en ervaring uit de praktijk mee", seit HRM-direkteur Alette Hospers fan de hegeskoalle.

De dosinten yn spee hoege net beslist in achtergrûn yn it ûnderwiis te hawwen. Se kinne dy oplieding krije as se oan it wurk gean by de hegeskoalle. Der wurde ekstra dosinten socht foar alle opliedingen binnen NHL Stenden. "Wij werven voor langere duur. De extra capaciteit voor de begeleiding van studenten is hier onderdeel van", seit Hospers.

Alette Hospers fan NHL Stenden

(Advertinsje)
(Advertinsje)