Rabobank slút kantoaren Boalsert, De Jouwer en De Lemmer
De kantoaren fan Rabobank yn Boalsert en op De Lemmer en De Jouwer gean definityf ticht. De filialen wiene ôfrûne moannen al sletten yn ferbân mei it coronafirus, mar gean no hielendal net mear iepen.
Reden foar de sluting is dat hieltyd mear klanten banksaken online regelje en hieltyd minder minsken delgean by in bankkantoar. De coronakrisis hat dy ûntwikkeling yn in streamfersnelling set.
Klanten kinne yn 'e omjouwing noch wol telâne by it Rabobank-kantoar yn Snits. Banksaken kinne sy telefoanysk regelje, fia it ynternet of mei de Rabo App. Rabobank wurket oan in mooglikheid om by klanten del te gean as dy sels net de doar út kinne.
De automaten fan de Rabobank yn Boalsert en op De Lemmer en De Jouwer wurde ferfongen troch automaten fan Geldmaat. Geldmaat pleatst yn de regio noch in oantal ekstra automaten foar it stoarten en opnimmen fan jild.