Omrop TIP: Lûk him oer de streek!

29 apr 2021 - 13:16

Nei de fuotbal-, de kuorbal- en de keatskompetysje, wurdt yn maaie de bal ynruile foar in tou. Op 1 maaie giet by Omrop Fryslân nammentlik de kompetysje foar toulûkers fan start. Hoewol't de coronamaatregels stadichoan wat minder strang lykje te wurden, wol Omrop Fryslân mei dizze kompetysje sjen litte dat corona sporters en de Omrop der net ûnder krijt.

Foto: Omrop Fryslân

'Lûk him oer de streek'

Yn de toulûkkompetysje litte acht ploegen (fiif manlike en trije froulike toulûkploegen) sjen wat se yn harren mars hawwe. Mar it is net samar toulûken. De dielnimmers moatte yn oardel minút in Omrop Fryslân-frachtwein oer in ôfstan fan maksimaal 100 meter lûke. In echte útdaging. Sterkste man Wout Zijlstra is by dizze spannende striid de haadskiedsrjochter. Hy sil syn strange, mar rjochtfeardige oardiel jaan.

Folgje it spektakel

De kompetysje giet los op sneon 1 maaie. Alle wiken dêrnei stride de ploegen foar de felbegearde "Omrop Fryslân lûke him oer de streek-bokaal". De kompetysje wurdt live útstjoerd op radio en op telefyzje. Hijlko Broersma sil it spektakel fan kommentaar foarsjen en de ploechleden ynterviewe oer harren prestaasjes.

Folgje de striid fan sneon 1 maaie ôf alle wiken yn Sneon yn Fryslân, live op radio en telefyzje of op de online-kanalen fan Omrop Fryslân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)