Skilders stean foar grutte put by mûne De Jager yn Wâldsein

29 apr 2021 - 13:01

Mûne De Jager yn Wâldsein wurdt flink opknapt. It Molenfonds hat koartlyn in subsydzje fan 20.720 euro beskikber steld foar grut ûnderhâld oan de kap fan de 18e-iuwske mûne.

Grutte opknapbeurt Mûne Wâldsein

Dat de mûne echt ta is oan in opknapbeurt, is wol te sjen as je wat tichterby it monumint komme. Hjir en dêr bledderet de farve fan it hout ôf, en hegerop yn de buert fan de wjukken is sels de kwaliteit fan it hout hurd achterút gien.

De lêste kear dat it monumintale hout ûnder hannen naam waard, is tsien jier lyn, en dus wie it heech tiid om De Jager wer yn de stegers te setten. De profesjonele skilders binne al úteinset mei it wurk. Sy wurde letter yn de moanne maaie bystien troch tsientallen frijwilligers. It is de bedoeling dat sy yn ien wykein in hiel stik fan it gruttere skilderwurk foar harren rekken nimme.

Arjan Reekers leit út wat der allegearre barre moat oan de mûne

Mei de subsydzje fan it Molenfonds kin finansjeel in grutte slach makke wurde. En it jild is ek tige wolkom by de mûne, want yn dizze coronatiid komt der minder jild út jeften binnen. De frijwilligers hoopje dan ek dat oare subsydzje-organisaasjes it foarbyld fan it mûnefûns folgje. Om dan úteinlik dizze simmer wer folslein opknapt iepen te kinnen.

Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda
Trefwurden: 
Wâldsein mûne De Jager
(Advertinsje)
(Advertinsje)