Omrop Fryslân wint Europeeske priis mei doku oer byld Johan Cruijff

29 apr 2021 - 12:01

Omrop Fryslân hat in prestizjeuze Europeeske priis wûn foar in Fryslân DOK oer Hans Jouta dy't in byld fan Johan Cruijff makket. 'It Masterstik' (The Masterpiece) wûn de Circom 2021 yn de kategory muzyk en keunst. De makkers fan de Fryslân DOK-dokumintêre binne Albert Jensma, Ate de Jong en kameraman Jorrit Meinsma.

Dizze Europeeske priis hat Omrop Fryslân wûn

It byld is ûnderwilens al ûntbleate en it stiet yn Amsterdam by de Johan Cruijff Arena, it fuotbalstadion fan Ajax.

De prizen fan de Circom binne foar de bêste produksje fan de regionale omroppen yn Europa. Tritich lannen binne oansluten by de organisaasje. Dit jier wienen der mei-inoar 191 ynstjoeringen.

Neffens it sjueryrapport is 'It Masterstik' in ynspirearjende dokumintêre dy't de sjogger dreame lit oer it libben en keunst. De doku fertelt it persoanlike ferhaal fan Hans Jouta dy't it byld fan Cruijff makket. Yn de tiid fan de opnames ferstoar Jouta syn heit. Hy koe goed mei syn heit en fertelt mei in soad leafde oer him.

Tongersdeitejûn om 21.00 oere is de dokumintêre 'It Masterstik' nochris te sjen op Omrop Fryslân Telefyzje.

"Der ûntstiet in geweldige ûnderfining oer de dream fan in keunstner en syn heit - beiden fans fan fuotballer Johan Cruijff - dy't resultearret yn in brûnzen byld fan harren idoal: It Masterstik", sa stiet yn it sjueryrapport.

De krêftige manier hoe't dit ferhaal yn dizze dokumintêre foarmjûn is, hat bot yndruk makke op de sjuery: "De bylden binne tige poëtysk en rezjy, kamerawurk en montaazje binne hiel goed. "

It jitten fan it brûns - Foto: Omrop Fryslân

Keunstner Hans Jouta

Makker Albert Jensma oer syn wurk: "Altyd as ik by Hans wie, fertelde er dat er fielde dat alles - al fan doe't er in bern wie ôf - yn it teken stie fan de grutte opdracht. Syn masterstik, in soarte fan lêste keunstwurk oer in tiid wêryn't er de moaiste aventoeren yn belibbe mei syn heit."

"Dat wie foar my in geweldich ferhaal. De leafde fan in soan foar syn heit, de heit dy't Alzheimer hat en hast dea giet. En dan yn de lêste minút in mienskiplike winsk dy't útkomt. Dit ferhaal hat my djip rekke, safolle leafde tusken heit en soan. Dat woe ik mei dizze film sjen litte oan oaren."

Hans Jouta mei syn stânbyld fan Johan Cruijff - Foto: ANP

Einredakteur Piter Tjeerdsma fynt de priis in prachtige opstekker foar Omrop Fryslân en foar de redaksje fan Fryslân DOK. It is wichtich en it jout in soad enerzjy. Mar benammen foar de makker Albert Jensma fynt Tjeerdsma it moai. "Hy hat it fertsjinne. Hy hat in bysûndere, eigen manier fan sjen en fertellen. It liket sa gewoan, mar it is spesjaal. Dat it gewoane hiel bysûnder wêze kin."

Albert Jensma oer syn priis

(Advertinsje)
(Advertinsje)