Jubileumedysje Snitswike opnij skrast; organisaasje siket alternatyf

29 apr 2021 - 16:48

De Snitswike giet dit jier opnij net troch. Dat hat de organisaasje tongersdeitemoarn bekend makke. De 85ste edysje fan it sylevenemint, dy't pland stie foar 6 oant en mei 12 augustus, is dêrmei foar it twadde jier op rige op de lange baan skood.

De Snitswike giet al wer net troch

Foarich jier soe de Snitswike foar de 85ste kear hâlden wurde, mar de jubileumedysje waard yn ferbân mei it coronafirus trochskood nei dit jier. De tradisjonele merke op it Martiniplein gie yn 2020 wol troch.

Underdielen net skiede

Dit jier soe it wol heve. De organisaasje sjocht lykwols opnij gjin mooglikheid om de feestwike yn syn oarspronklike foarm trochgean te litten. De Snitswike bestiet nammentlik út in oantal fêste eleminten. Op de earste dei, de freed, is de feestlike iepening yn it teäter, folge troch De Vlootschouw. Dêrneist binne der yn de wike dy't dêrop folget sylwedstriden op de Snitser Mar en ferskate festiviteiten yn de stêd, dêr't meast tûzenen taskôgers op ôfkomme.

Stella van Gent fan de organisaasje

"Ontzettend spijtig, maar het kan niet anders," seit Stella van Gent fan de organisaasje. "Je moet op een gegeven moment knopen doorhakken. We waren het unaniem eens: helaas afblazen. Zeilen mag als zodanig nog wel, maar de Sneekweek trekt duizenden mensen. Dat moet je niet willen."

De Snitswike begjint altyd mei de tradisjonele floatskou by de Wetterpoarte - Foto: Omrop Fryslân

Dy ûnderdielen binne neffens de organisaasje ûnlosmaklik mei inoar ferbûn. De organisaasje wol dy ûnderdielen net fan inoar skiede sadat se better binnen de coronamaatregelen passe en hat dêrom besletten de feestwike folslein te skrassen. "Dit A-merk en bijbehorende invulling moet je koesteren. Kan dit niet, dan organiseer je geen Sneekweek", sizze de stakeholders.

"Wy sizze altyd 'oerdeis foar de ear, jûns foar de sfear', mar dat twadde part kin noch net yn de nije maatregels", seit foarsitter Karst Doevendans fan Koninklijke Watersportvereniging Sneek. "It foarútsjoch dat dat yn augustus wol kin, is der noch net. Fandêr dat wy mei elkoar ta dit beslút kaam binne."

Alternative ynfolling

De belutsen partijen sjogge no nei in eigen alternative ynfolling binnen de mooglikheden dy't der binne. De Koninklijke Watersportvereniging Sneek oerwaget wedstriden te organisearjen op de Snitser Mar. "Wy besykje in alternatyf sylprogramma op te setten", seit Doevendans.

Yn de binnenstêd bûgje de mienskiplike organisatoaren - de Vereniging Ondernemend Sneek, Stichting uit in Sneek en Sneek Promotion - har yn oerlis mei de gemeente Súdwest-Fryslân oer in alternatyf (kultureel) programma yn de moannen july en augustus.

De plannen binne ûnder foarbehâld fan de ûntwikkeling fan it coronafirus en de kabinetsmaatregels.

Foarsitter Karst Doevendans fan Koninklijke Watersportvereniging Sneek

De hoarekaûndernimmers begripe wol dat in grutskalige Snitswike dit jier net trochgean kin. Se hiene net ferwachte dat it publyk yn de Snitser binnenstêd mei syn fiiftûzenen tagelyk 'Van links naar rechts' dwaan soene, seit hoarekaman Wicher Wind. Hy tinkt dat it wol goed komt. As it sa'n simmer wurdt as ferline jier helje se de skea wol yn, ek mei lytsskalige eveneminten. En as mear hierders fan lúksere boaten de stêd oandogge, komt der ek wer mear jild yn it laadsje, want dy hawwe mear te besteegjen.

Lytsere eveneminten mei muzyk, kultuer en simmermerk

Neffens boargemaster Jannewietske de Vries kin in grutskalich evenemint as de Snitswike 'âlde styl' beslist net. Sy sjocht mear yn lytsskalige eveneminten mei muzyk, kultuer en in simmermerk. De wettersportferiening en de hoareka-ûndernummers beriede harren op in nije formule as de Snitswike wol wer trochgean kin, seit boargemaster De Vries.

Skûtsjesilen

En kin it skûtsjesilen dan wol trochgean? De Vries: "De Sintrale Kommisje Skûtsjesilen (SKS) en de organisaasje fan it Iepen Frysk Kampioenskip Skûtsjesilen (IFKS) tinke ek nei oer wat wol kin fan 't simmer. Yn watfoar situaasje sitte we dan en wat past dêrby? "

Hoarekaman Wicher Wind en boargemaster Jannewietske de Vries oer it net trochgean fan de Snitswike

Trefwurden: 
Snits Snitswike coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)