Achtste Fryske faksinaasjelokaasje iepene yn Appelskea

29 apr 2021 - 11:07

Yn Appelskea is tongersdei de achtste en foarearst de lêste faksinaasjelokaasje fan GGD Fryslân iepene. Yn de tennishal oan de Nijesteegde waard moarns de earste prip set. Boargemaster Harry Oosterman fan Eaststellingwerf en direkteur Margreet de Graaf fan GGD Fryslân wiene dêrby oanwêzich.

Boargemaster Oosterman en GGD-direkteur De Graaf sjogge ta hoe't de earste prip set wurdt yn Appelskea - Foto: GGD Fryslân

Boargemaster Oosterman is tefreden dat ynwenners fan súdeast-Fryslân no ek tichtby hûs harren faksinaasje helje kinne. Hy priizge de ynwenners fan syn gemeente om't dy har goed oan de coronamaatregels hâlden hawwe. "We hebben weinig boetes hoeven uitdelen, al was het soms druk in de natuurgebieden."

Dochs binne der yn Eaststellingwerf noch te folle besmettings, fynt Oosterman: "We zijn er nog niet." Direkteur Margreet de Graaf fan GGD Fryslân is bliid dat alle ynwenners fan Fryslân op koarte ôfstân fan in faksinaasjelokaasje wenje.

Sadree't der genôch faksin is, kin de GGD yn de provinsje 77.000 prippen de wike sette. Op dit stuit binne dat der 20.000 de wike. Yn de tennishal yn Appelskea wurde earst 250 oant 300 prippen set. Dat giet letter rjochting de 1.000 prikken deis.

(Advertinsje)
(Advertinsje)