Jongfryske Mienskip: ministearje diskriminearret statushâlders en Fryske taal

29 apr 2021 - 10:39

De Jongfryske Mienskip fynt dat it ministearje fan Sosjale Saken statushâlders en de Fryske taal diskriminearret. Der soe mear muoite dien wurde moatte om asylsikers yn te boargerjen yn de Fryske mienskip en taal.

Foto: Omrop Fryslân

Boargemaster Oebele Brouwer fan Achtkarspelen hie it ministearje earder eksplisyt frege om jild foar de ynboargering fan statushâlders yn de Fryske taal. Yn de ôfrûne jierren soe nammentlik bliken dien hawwe dat asylsikers en statushâlders graach Frysk leare wolle.

"Wannear't statushâlders yn Fryslân wenje, binne se juridysk sjoen Friezen en falle ûnder it Ramtferdrach foar de Beskerming fan Nasjonale Minderheden", skriuwt de Jongfryske Mienskip. Yn oare Europeeske regio's lykas Südtirol of Katalonië leare statushâlders ek twa talen. Dêr soe Fryslân in foarbyld oan nimme moatte.

Mei it ratifisearjen fan it Europeesk Hânfêst foar Regionale Talen of Talen fan Minderheden hat it Nederlânske regear him ferplichte om op alle passende nivo's de mooglikheid te bieden om Frysk te learen. De gemeente hat oanjûn fasilitearje te wollen en statushâlders sizze de Fryske taal leare te wollen.

Ynspanningsferplichting

Dêrmei hat de oerheid neffens de Jongfryske Mienskip in ynspanningsferplichting. De organisaasje wiist de oerheid op it neikommen fan troch harsels ûndertekene ferdraggen.

De Jongfyske Mienskip hat deputearre Sietske Poepjes frege om aksje te ûndernimmen op de kwestje. De Mienskip hat ek twa klachten fan diskriminaasje yntsjinne by it antydiskriminaasjeburo Tûmba yn Ljouwert.

Wolter Jetten fan de Jongfryske Mienskip

(Advertinsje)
(Advertinsje)