Kollum: "Tsjuster ferline"

29 apr 2021 - 08:21

"Epke Zonderland. Trije kear sportman fan it jier. Olympysk kampioen, wrâldkampioen. Flying Doctor. As wy oan Epke tinke, dan binne wy as Friezen grutsk. Epke is ek in tûke jonge, hy is fotosjenyk en wit foar telefyzjekamera's ek altyd in goede yndruk te meitsjen.

Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Botte Jellema

Hy turnet by Topsport Noord, dat by it Abe Lenstra stadion sit op It Hearrenfean. Syn namme stiet mei ljochtjaande letters op it gebou: Epke Zonderland Turncentrum. Yn de plint fan dat gebou sitte spegeljende ruten. We koene net samar sjen wat dêrachter barde. Oant juster.

Yn opdracht fan it turnbûn is der in tsjok rapport kommen oer misstannen yn it turnjen. Sa'n fjouwerhûndert siden, mei as konklúzje dat hast trijekwart fan de topsporters te meitsjen hân hat mei grins oergeand gedrach, yn it lêste sportjier. En dan giet it oer twang, machtsmisbrûk, oansette ta gewichtsferlies, trochtraine by blessueres, en dêr gjin eigen kar yn meitsje meie. In tredde fan de gymsporters jout oan dat se ûnderfining ha mei psychysk, ferbaal of fysyk geweld. By de âld-topsporters kaam it sels by 85 persint foar. Ungelooflike getallen. Ek gedrach dat seksueel oer de grins gie, komt foar.

It is nochal wat. De foarsitter fan it turnbûn KNGU sei yn de parsekonferinsje dan ek dat de bûn ekskuzen oanbiedt. Der moat erkenning komme foar dit tsjustere ferline fan de sport, en foar de pine dy't sporters ûnderfûn hawwe.

Al jierren komme der heftige ferhalen fan âld-topturnsters nei bûten. It wiene meastentiids de froulju dy't hjir mei te meitsjen krigen. It iene ferhaal like it oare oan te stekken, mar it bûn stuts alle kearen wer de holle yn it sân. Dan waard der in trainer op non-aktyf steld, en in pear moannen letter koe er wer gewoan fierder. As je dit wat folgje, dan begripe je it net. It like wol oft se hielendal ferbline wiene troch it sukses fan de Nederlânske turnsters en turners. De seal op It Hearrenfean waard te lyts. De gemeente hat foar 1,3 miljoen euro in nije byboud ferline jier. It kin net op.

Mar ferline simmer kamen der wol in hiel soad ferfelende fragen binnen by de KNGU. Yn novimber waard pas echt dúdlik watfoar maffiapraktiken we hjir einliks oan it wurk seagen. Doe kaam nei bûten dat NOS-turnferslachjouwer Hans van Zetten - ferneamd wurden troch syn kommentaar by Epke syn Olympyske goud: "En hij staat!" - in ûndersyk nei de misstannen yn it turnjen besocht tsjin te wurkjen. Yn syn boek mei de titel 'Hij staat', handich as Van Zetten is, helle er hurd út nei trije turnsters dy't tsien jier lyn al ferhalen oer in trainer nei bûten brochten. De NOS hat Van Zetten net mear ynhierd.

Ast hearre wolst hoe yntimidearjend dit allegearre is, lústerje dan even nei it petear mei eks-turnster Petra Witjes yn Met Het Oog Op Morgen fan tiisdei. Se seit dêr dat se sels no noch om har wurden tinke moat.

De gefolgen foar de âld-turners binne net mislik. Oant 2007, docht bliken út dit ûndersyk, wie der in spikerhurde East-Europeeske trainingskultuer. Al dy rotsoai waard sjoen as normaal. En de âld-turners meie no sjen hoe't se nei jierren mei soks as normaal, harren rêde kinne yn de echte wrâld. Mei posttraumatysk-stress-syndroom, depresjes en persoanlikheidsstoarnissen ta gefolch, oftewol, kapot makke libbens. Nee, oan Epke sjogge we it net, of hy hat de dûns ûntsprongen, gelokkich yn dat gefal, mar no draait it in kear net om him.

It bûn hat der altyd by stean te sjen as in knyn yn koplampen. Oant no ta hawwe se eins neat dien. Sjoch harren pupillen dochs ris oer de matten fleanen, en oh, pas op, want dêr fljocht Epke leech oer. It sjocht der spektakulêr út, en docht it goed op byld. En dêrom is dy turnseal op It Hearrenfean ek te lyts wurden: wa wol dit no net! No, tink dêr nei dit rapport noch mar ris oer nei.

Want ik freegje my ôf oft it wol oankommen is. Yn in net East-Europeeske wrâld, litte we dy 'normaal' neame foar it gemak, stapt in bestjoer nei sa'n ferneatigjend rapport nammentlik op. In bestjoer is ferantwurdlik foar it heden, mar ek it ferline. En no stiet swart-op-wyt watfoar tsjuster ferline de turnwrâld yn Nederlân hat. En dan bist der net mei in 'sorry'. En opteine sportberjochten as: 'hey, Epke mei sa goed as wis nei de Olympyske Spelen!' dêr moatte wy as sjoernalisten miskien ek even mei ophâlde."

Trefwurden: 
De Toan fan Botte Jellema
(Advertinsje)
(Advertinsje)