Argewaasje by omwenners oer komst Brûsplak yn De Stuit op De Jouwer

29 apr 2021 - 07:26

Omwenners fan sporthal De Stuit op De Jouwer binne net te sprekken oer de gong fan saken foar in nij Brûsplak. De projektgroep dy't dwaande is mei dizze nije lokaasje foar ferieningen hat in foarkar foar de sporthal, mar omwenners binne benaud foar ferkears- en lûdsoerlêst. De buert is wol op de hichte steld fan de plannen, mar it stekt harren dat sy de beswieren noch net goed kenber meitsje koene. Sy hawwe dêrom in brief skreaun oan de gemeenteried.

Sporthal De Stuit op De Jouwer - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Mei it nije Brûsplak moatte in pear tsientallen sosjale en kulturele ferieningen in nij ûnderkommen krije: fan de fanfare oant de damklup. In spesjale projektgroep hat dwaande west om yn gearwurking mei ferieningen in konkreet plan te meitsjen foar ferskate lokaasjes, dêr't romte wêze moat foar alle ferieningen. Begjin 2020 is der in draachflakûndersyk dien mei de fraach wat ferieningen nedich hawwe.

Der leine lang om let trije senario's: sporthal De Stuit, nijbou yn it sintrum by de Sinnebuorren of nijbou by Swimfun. Yn febrewaris kaam sporthal De Stuit nei foaren as foarkarsfariant. Dat fernuvere de omwenners, want it advysburo dat it ûndersyk útfierde neamde in rige neidielen dan dizze lokaasje.

Oerlêst

Ien dêrfan wie de mooglike oerlêst, en dêr binne de omwenners benaud foar. Sa ek Marten van der Molen, dy't him mei oare ynwenners tsjin de plannen keart. It giet yn it earste plak oer ferkearsoerlêst. De E.A. Borgerstrjitte is in drokke dyk midden yn De Jouwer en De Stuit leit tusken in tal basisskoallen yn. Dat makket dat der gewoanwei al in soad ferkear en parkearre auto's binne. Dat soe mei it Brûsplak noch folle mear wurde. Fierder tinke de omwenners ek dat bygelyks it lûd fan drumbands en muzykferieningen oerlêst opsmite sil.

'Ienrjochtingsferkear'

De omwenners fan de sporthal oan de E.A. Borgerstrjitte hawwe begjin dit jier in brief krigen, dêr't sy mei ynformearre waarden oer de mooglikheid fan it Brûsplak yn De Stuit. Healwei april wie der in digitale gearkomste. Mar neffens omwenner Marten van der Molen wie dit 'ienrjochtingsferkear.' De plannen waarden foarlein, mar ynspraak wie net mooglik.

Koartlyn skreau de projektgroep yn in side yn de ynformaasjekrante fan gemeente De Fryske Marren oer de plannen. De yndruk is neffens de omwenners dat it hiel demokratysk ferrûn is en dat de buert ynspraak hân hat. Mar dat is neffens Van der Molen net sa.

Brief nei de ried

In pear tsientallen omwenners fan de E.A. Borgerstrjitte, de Aek en de Tsjotter hawwe in brief oan de gemeenteried skreaun, dêr't sy yn kenber meitsje dat sy net wiis binne mei de gong fan saken yn it proses. De omwenners fine dat de ferieningen in goed plak krije moatte, mar tinke allinne net dat De Stuit dêr in geskikt plak foar is.

De projektgroep woe neffens Van der Molen noch net antwurdzje omdat sy it earst foarlizze wolle oan de gemeenteried. Neffens de omwenners is dat de omkearde wrâld: sy fine dat der earst harke wurde moat nei de beswieren, foardat de ried in kar makket.

(Advertinsje)
(Advertinsje)