Weststellingwerf moat trije geitehâlderijen mooglik tastean, nettsjinsteande stop

29 apr 2021 - 07:09

Gemeente Weststellingwerf moat net allinne de oanfraach foar in nije geitehâlderij yn Boyl yn behanneling nimme, mar ek in oanfraach foar it omsetten fan in melkfeehâlderij yn in geitehâlderij yn De Hoeve en in oanfraach foar it útwreidzjen fan in geitehâlderij yn Aldeholtpea. De gemeente hat krekt in stop ôfkundige foar nije geitehâlderijen, mar dizze trije fersiken binne yn maart en april dien. Dêrtroch falle se noch ûnder it besteande bestimmingsplan.

Foto: Shutterstock.com (5m)

It bestimmingsplan fan 2014 stiet geitehâlderijen yn de gemeente ta, ûnder betingsten. Op 23 april is der in geitestop opset, in tariedingsbeslút om in wiziging fan it bestimmingsplan ta te rieden. Dy stop jildt in jier en dêrmei keapet de gemeente tiid om in beslút te nimmen.

It beslút fan de ried is naam fanwegen in opfallende tanimming yn it tal oanfragen fan fergunningen foar nije geitehâlderijen of útwreiding fan besteande bedriuwen. Dat komt om't der yn de measte oare gebieten in ferbod is.

Besletten

De gemeenteried waard yn in besletten gearkomste ynformearre, mar dêr wiene guon riedsleden oer fernuvere. Oare partijen hawwe muoite mei de kar. Sa hie de VVD leaver sjoen dat der oer praat wie yn it iepenbier, mei fanwegen it belang fan it ûnderwerp yn de mienskip.

Ferklearring

De fraksjes fan SDW, GroenLinks en CDA hawwe mei in ferklearring útlein wêrom't sy dy gearkomste besletten hâlde woene. "Vóór de invoering van nieuwe wet- en regelgeving of aanscherping ervan, zijn er voorbeelden van ondernemers die nog snel via een kort mailtje gebruik weten te maken van de oude regelgeving. Voor de duidelijkheid: dat mag! Het is volkomen legaal. Maar wil je dit anticiperen door ondernemers vóór zijn dan is het een absolute voorwaarde om een dergelijk besluit in het geheim te nemen," sa skriuwe de fraksjes.

(Advertinsje)
(Advertinsje)