Feangreidefyzje ropt fragen op by lânbou-organisaasjes en boargers

29 apr 2021 - 06:50

By de lânbou-organisaasjes besteane noch in soad soargen oer de finansjele en praktyske gefolgen fan de Fryske feangreide-oanpak foar de boeren. Dat waard woansdeitejûn dúdlik op de earste digitale harksit fan de provinsje en Wetterskip Fryslân.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Lânbou-organisaasje LTO neamde de Fryske feangreide-oanpak woansdei 'net fan ûnderen op en net transparant'. Boeren yn it gebiet wurde beneidiele, trochdat harren bedriuwen en grûn no al ûnferkeapber wêze soene, sei LTO-wurdfierder Jan Teade Kooistra. "En sa rekkenet de oerheid nei himsels ta."

De radikaalste ôfwizing kaam fan Farmers Defence Force. "Kostbare landbouwgrond dreigt opgeofferd te worden ten behoeve van de natuurhype", sei sekretaris Cees de Boer fan de ôfdieling Fryslân.

Wetterpeil omheech

Provinsje en wetterskip wolle yn in part fan it feangreidegebiet it wetterpeil ferheegje, om sa it fierder sakjen fan de grûn tsjin te gean. Foar boeren dy't útkocht wurde moatte of in legere opbringst hawwe, komt der finansjele kompensaasje. Boeren dy't trochbuorkje yn it gebiet hâlde rekken mei ferskate problemen lykas in koarter seizoen om it fee te weidzjen en mear feesyktes.

'Hardheidsclausule'

Allegearre saken dy't harren op kosten jeie. Femke Wiersma fan de Nationale Melkveehouders Vakbond frege dêrom om in 'hardheidsclausule' yn de feangreide-oanpak. As wetterpeilferheging yn in gebiet foar tefolle problemen soarget, dan moat dy ek wer weromdraaid wurde kinne. Ek sitte in soad boere-organisaasjes yn noed oer mooglike hegere wetterskipslêsten yn de takomst.

Yn alle bûtenmuorren sitte wol in pear skuorren - Foto: Omrop Fryslân

Tusken alle agraryske ynsprekkers en miljeu-organisaasjes wie Ellen Dekker fan Spangea de iennichste boarger. Sy fynt it mar nuver dat yn de feangreidefyzje skeafergoeding foar boeren regele is, mar dy fan boargers mei fersakke huzen net. "In het nieuwe programma is wel aandacht voor de funderingsproblematiek, maar er wordt niets concreets geboden."

Skuorren

Dekker wit sels sa njonkenlytsen oer fundearringsproblemen mei te praten. De 19e-iuwske pleats dy't sy mei har húshâlding bewennet, fertoant oan alle kanten skuorren as gefolch fan de lege wetterpeilen. De grutste skuorren binne tichtmakke mei pur tsjin de kjeld en lekkerij.

"In het veenweideverhaal komen enorme bedragen beschikbaar om de landbouw te compenseren. Dan lijkt het me niet te veel gevraagd om ook de burgers met funderingsschade te helpen."

Yn de pleats fan de famylje Dekker wurde de skuorren hieltyd grutter - Foto: Omrop Fryslân

Harkje nei Ellen Dekker

Sa'n tolve bewenners yn de Grutte Feanpolder hawwe te krijen mei sokke earnstige fundearringsproblemen dat de huzen sa gau as mooglik oanpakt wurde moatte. Foar de pleats fan de famylje Dekker is dat mooglik te let. "Je moet reëel zijn. De schade zit in het dak, in de muren, het gaat lekken. Er is ons gezegd dat de voorgevel er binnen 48 uur uit kan zakken. Onze boerderij heeft geen vijf jaar meer."

Dekker sil dêrom ynsette op nijbou op itselde plak, as der kompensaasje komt foar fundearringsskea. Sa fier is it lykwols noch net. De feangreidefyzje giet op dit stuit net fierder as it ynrjochtsjen fan in fundearringstafel, dy't it probleem oanpakke moat.

Klimaatdemonstraasje

Foarôfgeand oan de harksit wie der in demonstraasje fan klimaataktivisten foar it provinsjehûs. Sy neame it feangreidegebiet 'het Friese regenwoud' en fine de oanpak fan provinsje en wetterskip te foarsichtich en te stadich. Tongersdeitejûn is diel twa fan de digitale hearing oer de feangreidefyzje. Dan komme nochris fjirtjin ynsprekkers oan it wurd.

Klimaatdemonstraasje yn Ljouwert

(Advertinsje)
(Advertinsje)