Advokaat Kamsma: "Fleanbasis skealik foar natuer, mar Definsje hâldt sifers geheim"

De fleanbasis yn Ljouwert is skealik foar de natuer, mar it ministearje fan Definsje hâldt sokke gegevens geheim. Dat seit de Ljouwerter advokaat Gina Kamsma, dy't út namme fan de feriening Milieudefensie beswier makket tsjin in fergunningsoanfraach foar de fleanbasis.
De lâning fan de earste F-35 yn Ljouwert © Omrop Fryslân
Definsje hat de fergunning oanfrege by it ministearje fan LNV (Landbouw, Natuur en Voedselkwaliteit) foar aktiviteiten yn de loft en op de grûn. Kamsma wol graach krekt witte hokker aktiviteiten oft dat binne. "Mar dat is steatsgeheim. Lûdsrapporten, fleanbewegingen, it wurdt allegear net ferteld."
Neffens Kamsma is der grif sprake fan skea foar de natuer. "Dêr is elkenien it wol oer iens. De F-35 makket mear leven en stjit mear stikstof út as de F-16. Dan wurdt der in ferhaal omhinne boud dat de F-35 dan minder fleane sil, sadat de oerlêst gelyk bliuwt. Mar as wy gjin sifers krije oer it tal starten en lâningen, dan is dat net te kontrolearjen."

Lânsbelang

Kamsma sil in saneamde sjenswize yntsjinje tsjin it ûntwerpbeslút fan LNV. Se hopet dat de saak úteinlik by de rjochter komt, sadat der op in soad fragen antwurd komt. De advokaat tinkt lykwols dat de fergunning foar de fleanbasis der wol komme sil. "Dêrfoar is it lânsbelang te grut."
Wat der yn en om de fleanbasis bart, hâldt de omwenners al jierren yn de besnijing. Neffens Kamsma hat de mooglike fergunning fiergeande gefolgen foar dy minsken. "It is dúdlik dat de omwenners de lêste jierren mear oerlêst fan de basis hawwe, benammen troch de F-35. Dan fyn ik it nuver om te lêzen, dat wat der no fergund wurde sil troch LNV noch mear lûd en stikstof produsearje sil. Dan tink ik dat minsken harren soargen meitsje moatte."
Advokaat Gina Kamsma