Professor Jensma: "Managen fan minderheden is dé útdaging fan dizze tiid"

It is hiel nijsgjirrich om de Fryske taal en kultuer te bestudearjen yn in bredere kontekst fan minderheden en meartaligens. Dat stelt professor Goffe Jensma, dy't oan de Ryksuniversiteit Grins ferbûn is oan de oplieding Minorities & Multilingualism. Yn dizze oplieding learst oer meartaligens, mar ek oer minderheden en diversiteit yn de breedste sin fan it wurd. "Wy libje net mear yn de 'stabile' wrâld fan in pear desennia lyn. Der binne in soad bewegings geande en dat freget om oplossings foar fraachstikken oer diversiteit."
Fryske flagge by Ryksuniversiteit Grins © Shutterstock
Learlingen fan middelbere skoallen en studinten dy't trochstreame wolle, hawwe noch oant 1 maaie de tiid om har yn te skriuwen foar in oplieding oan it mbû, hbû of de universiteit. It kiezen fan in stúdzje is foar de measte minsken in drege put, want je ferbine je der wol foar trije of fjouwer jier oan.
Ien universitêre oplieding mei in bysûnder Frysk rantsje is de oplieding Minorities & Mulltilingualism. By dizze stúdzje leare je oer diversiteit yn de mienskip en kinne je je boppedat spesjalisearje yn de Fryske taal en kultuer.
© Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Fryske taal as kasus foar diversiteit

Neffens Jensma is it hiel nijsgjirrich om de Fryske taal en kultuer te bestudearjen as kasus foar in soad maatskiplike fraachstikken yn de hjoeddeistige mienskip. "Yn dizze tiid hawwe wy te krijen mei in ferskaat oan bewegingen, dy't liede ta tal fan útdagingen."
Letterlik yn de sin fan aktuele migrantestreamen fan minsken mei eigen talen, kultueren en opfettings dy't har bewege en sykje nei in nij thúslân. Mar ek mear aktivistyske bewegingen as Black Lives Matter of LGBTQ (Lesbian Gay Bisexual Transgender Queer). "Al dizze minsken sykje nei in noflik en feilich plak om te libjen. Troch de wrâld mei al dy ferskillende fasetten te bestudearjen, leare je hoe't je mei diversiteit omgean kinne."

Spesjalisaasje Fryske taal en kultuer

Foarhinne koenen je oan de RUG in folsleine bachelor- en masteroplieding Fryske taal en kultuer folgje. Tsjintwurdich is it ûnderdiel fan de bredere stúdzje Minorities & Multilingualism. "De oplieding is fierhinne yn it Ingelsk en lûkt ek in soad ynternasjonale studinten. Foar wa't dat wol, kin him spesjalisearje yn de Fryske taal en kultuer. Je leare de taal skriuwen, mar ferdjipje je ek yn de skiednis, kultuer en literatuer fan Fryslân."
Professor Goffe Jensma oer de oplieding Minorities & Multilingualism
Minorities & Multilingualism
Omrop Fryslân besteget dizze moanne omtinken oan de universitêre oplieding Minorities & Multilingualism oan de Ryksuniversiteit Grins, dêr't je je spesjalisearje kinne yn de Fryske taal. Masterstudinte Fardau Visser fertelde oer dizze oplieding. Vwo-learlinge Syrou van der Velde út Nijhoarne folge de presintaasje fan de Online Bachelorwike. Alumny Nienke Jet de Vries fertelde wat de stúdzje har brocht hat yn har hjoeddeistige wurk as taalbeliedsamtner by Provinsje Fryslân.