Ald-topturnster Berber van den Berg skrokken fan rapport oer misstannen turnwrâld

28 apr 2021 - 21:45

Ald-topturnster Berber van den Berg is skrokken fan de sifers yn it rapport oer misstannen yn de turnwrâld. It rapport waard woansdei yn Utrecht presintearre. Van den Berg seit ek dat se it opstappen fan bûnscoach Gerben Wiersma skande fynt. Hy lei yn maart syn funksje del nei oanlieding fan de misstannen-kwestje.

Argyffoto fan Berber van den Berg - Foto: Martin de Jong

Trochtraine mei blessueres, oansette ta net sûn gewichtsferlies, yntimidaasje, manipulaasje, sjantaazje en isolaasje; twa tredde fan de âld-turnsters dy't meidien ha oan in grutskalich ûndersyk nei misstannen yn de turnwrâld, hat te krijen hân mei gedrach dat oer de grins gong. Dat docht bliken út it rapport nei de misstannen, dat útfierd waard yn opdracht fan it turnbûn KNGU.

Van den Berg, earder aktyf yn it topturnjen en no psychologe, hat har yn it rapport ferdjippe. Se is skrokken fan de sifers, mar net fan wat der sein is. "Zoals het vroeger was, met de oude cultuur en met name voor 2006, schrik ik niet van wat er gezegd wordt. En dat is misschien wel het meest erge eraan."

Keihurd

Neffens Van den Berg wie de turnwrâld hurd en wie der in soad kontrôle. "Het was keihard, daar was ik zelf ook onderdeel van, en dan weet je niet beter. Heel veel uren maken. Als je pijn hebt, probeer je je pijngrens te verleggen. Het gewicht speelde ook een grote rol. Destijds deden de trainers de weegschaal, nu wordt dat door specialisten en diëtisten gedaan."

Dat trainers dermei trochgiene, kaam neffens har omdat it goede prestaasjes opsmiet. "De oude cultuur, en ook hoe trainers daarin opgeleid werden en besmet werden met elkaar, had succes. Dus dan ga je daarmee door, natuurlijk." De ôfrûne fyftjin jier is dy hurde turnwrâld in stik feroare en ferbettere, seit Van den Berg.

Krityk op KNGU

De ûndersikers binne ek kritysk oer de rol dy't it turnbûn KNGU spile hat. Der ha troch de jierren hinne in soad meldingen west oer misstannen en dy hat it turnbûn net serieus naam. "Plus de nazorg als een sporter stopt, dat geldt niet alleen voor turnen maar voor elke sport. Die nazorg mag er echt wel zijn, want het bekende zwarte gat is voor heel veel mensen wel van toepassing", seit Van den Berg.

It soe neffens it rapport ek in goede saak wêze as der in ried fan turnsters of âlden komt en dat in fertrouwenspersoan goed yntegrearre wurdt. "Ik denk dat bij heel veel bonden die vertrouwenspersoon er wel is, maar dat je als sporter zijnde vaak én geen idee hebt wie dat is én geen idee hebt dat die er überhaupt is", stelt Van den Berg.

Iepen kultuer falt fuort

Neffens har is it skande dat Gerben Wiersma fan It Hearrenfean yn maart opstapt is as bûnscoach fan de turnfroulju. "Dat is echt balen, want hij is een van degenen die ervoor heeft gezorgd dat de turnsport veel meer bij elkaar kwam, dat er veel meer stages waren en dat de turnsters samen gingen trainen, maar ook dat trainers meer gingen samenwerken. Echt, die open cultuur valt nu helemaal weg."

Ald-topturnster Berber van den Berg

(Advertinsje)
(Advertinsje)