Brêgen en slûzen Polderhoofdkanaal kommend farseizoen langer iepen

28 apr 2021 - 20:08

De brêgen en slûzen yn it Polderhoofdkanaal binne it kommende farseizoen langer iepen. Rekreaasjefeart is fan 't simmer oant yn de jûn mooglik. De gemeenten Opsterlân en Smellingerlân komme hjirmei temjitte oan fersiken fan Pleatslik Belang Nij Beets en Dorpsbelangen De Veenhoop.

De slûs yn it Polderhoofdkanaal by Nij Beets - Foto: Omrop Fryslân

Yn foargeande jierren koene boaten yn it Polderhoofdkanaal nei 17.00 oer net mear ûnder de brêgen troch en troch de slûzen farre. Dat kin no oant 20.00 oere. In boppeslach foar de pleatslik belangen fan beide doarpen. "It is geweldich nijs", seit foarsitter Fokke de Roos fan Pleatslik Belang Nij Beets. "As je in beheind kanaal hawwe wat iepeningstiden oanbelanget, dêr kinne je net safolle mei fansels."

Neffens De Roos is it in útkomst foar it wettertoerisme. "Je kinne yn elk gefal oant acht oere wer út it kanaal wei. Want ast der yn leist, kinst der net út as it net betsjinne wurdt. Stel je foar dat je nei Earnewâld wolle of nei Grou, dan lizze je dêr mei in sloepke. Je kinne gjin kant op. Dan kinne je mei de taksy nei hûs." Soks kaam geregeld foar, seit De Roos. "Dat is natuerlik net leuk, dat is gjin reklame foar it kanaal."

De oanpaste tiden slute ek oan op de iepeningstiden fan de brêgen yn Grou en Akkrum. Neffens wethâlder Rob Jonkman fan Opsterlân docht de gemeente der alles oan om de plezierfeart sa oantreklik en maklik mooglik te meitsjen foar de ynwenners en rekreanten dy't fia de Turfrûte it Polderhoofdkanaal op wolle. Wethâlder Felix van Beek fan Smellingerlân neamt De Feanhoop in oantreklike skeakel tusken De Alde Feanen en Súdeast-Fryslân.

Foarsitter Fokke de Roos fan Pleatslik Belang Nij Beets

(Advertinsje)
(Advertinsje)