Kompromis doarpshûs en útbater kafee Baard, kafeehâlder Prins wol "nokke"

28 apr 2021 - 18:07

Der is in oplossing foar de takomst fan it kafee yn Baard. De útbaters dy't der no yn sitte, woenen derút, mar de nije partij moast dêrfoar wol jild op it kleed lizze. En dêr knypte it. Yn in brief oan de doarpsbewenners skriuwt de Stichting Doarpshûs Baard dizze wike dat der oerienstimming berikt is. Kafeehâlder Cobus Prins hâldt dermei op.

Kafeehâlder Cobus Prins - Foto: Timo Jepkema, Omrop Fryslân

De problemen ûntstiene doe't it minder waard mei de sûnens fan Cobus. De corona kaam dêr noch boppe-op. Cobus en syn frou Aggie Brouwer woene in diel fan it jild dat se yn it kafee stutsen hiene, werom hawwe fan it doarpshûs en dan fuort.

Der wiene petearen tusken de stichting fan it doarpshûs en de eksploitanten om in nije hierder te sykjen dy't it kafee runne koe. Dy partij waard fûn en soe fan 1 maaie ôf begjinne. Cobus en Aggie hawwe, sa sizze sy, 50.000 euro ynvestearre yn it kafee en de nije eigeners moatte neffens harren wol ta de bûse om saken oer te nimmen.

Patstelling

Mar it jild is net de haadsaak, giet Cobus fierder. Beide partijen hawwe net goed hannele en op in stuit de hakken yn it sân set. Neffens in befreone advokaat stiene Cobus en Aggie sterk en doe't it doarpshûs ek mei in rjochtsaak begûn, ûntstie der in patstelling. De kafeehâlder krige foarearst gelyk fan de rjochter.

"Dus nokke"

In bemiddelder út it doarp is no op in kompromis útkaam mei in bedrach derby. Mar dochs wol Prins net langer yn Baard bliuwe. Hy wol net mear te meitsjen hawwe mei in stichting dêr't er net mei troch ien doar kin. "Dus nokke." Tefreden is er net, mar se gean wol akkoart en ferhúzje.

It kafee yn Baard - Foto: Timo Jepkema, Omrop Fryslân

Meikoarten gean se werom nei Boalsert dêr't Prins noch in hûs hat. Dat is ek de reden wêrom't se it terras net iepen dogge, wylst it no wol mei. It is no moai waar, mar as it waar minder wurdt, bliuwe se mei in foarried sitten dy't se net kwyt kinne.

Keuken lanlik goed oanskreaun

"It is in kloate-ein fan in hiel moaie tiid", beslút Prins. Se binne bliid mei de geweldige gasten en dat de keuken lanlik goed oanskreaun stie. Dêrtroch kamen der minsken fan om fierrens.

Pensjoen mei hjir en dêr in gat

Werom yn Boalsert wit Prins noch net wat er dwaan sil. Oer in pear moanne kriget er pensjoen, mar der sitte hjir en dêr wol in pear gatsjes yn, dus miskien moat der noch in wurkaktiviteit by.

Cobus Prins fan kafee Baard

Trefwurden: 
kafee Baard Cobus Prins
(Advertinsje)
(Advertinsje)