Learlingen Comenius Mariënburg dogge eksamen yn Ljouwerter iishal

28 apr 2021 - 17:30

Learlingen fan it Comenius Mariënburg yn Ljouwert hawwe dit jier eksamen op in wol hiel bysûnder plak. Yn de iishockeyhal fan de Elfstedenhal steane hûnderten tafels en stuollen klear foar de stressfolle wiken. De learlingen sitte yn de hal, om't se yn de sporthal fan de skoalle net telâne kinne fanwege corona. Woansdei mochten de learlingen al efkes proefsitte.

Eksamens yn Ljouwerter iishal

It liket allegear hiel echt by it proefeksamen. De regels binne dizze woansdeitemoarn presys itselde en der wurdt ek echt in toets makke. "Wy wolle de learlingen hjirmei echt alfêst it gefoel jaan fan hoe't it der daliks oan ta giet", sa fertelt dosint Matthijs van der Steege fan it Comenius. "Dat se daliks witte hoe't it is om salang efterinoar dwaande te wêzen en hoe't it allegear wurket mei iten en drinken en nei de wc gean."

Mar ek foar de dosinten en begelieders is it dit jier needsaaklik om ris te sjen hoe't it op sa'n oare lokaasje giet. "We sitte no yn de iishockeyhal en dat is foar ús fansels ek efkes útfine hoe't it allegear wurket. Ha we bygelyks genôch romte ynpland en binne de rinrûten dúdlik?"

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Dat se dit jier yn de iishal sitte, hat net allinich mei corona te krijen. "Der wurdt op it stuit ferboud op skoalle en dat kinne je fansels by de eksamens net goed brûke. Mar ek it ôfstân hâlden hie wol echt in probleem west", sa seit Van der Steege.

De learlingen binne wiis mei de nije lokaasje. Ek al is dy wol wat nuver. "Ik kom hier normaal minstens tien keer per jaar om te schaatsen, maar nu zit je te zweten boven een toets", seit Jimme. "Dat is natuurlijk wel bijzonder."

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

It hat foar de learlingen troch corona hoe dan ek in bysûnder jier west. In jier wêryn't it ek net altyd like maklik wie om je goed ta te rieden op it eksamen. "Je merkt wel dat je een achterstand hebt. Het is allemaal wat half half geweest dit jaar", sa fertelt Janine. Ek Jimme sjocht dat se efterlizze op wat se eins kinne moatte by it eksamen. "Met de online lessen en soms halve dagen op school heb je gewoon wel wat achterstand, maar ik denk dat het wel goed komt."

De bern hawwe noch in pear wiken om harren ta te rieden op de echte eksamens. De earste steane pland yn de earste wike nei de maaiefakânsje.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
(Advertinsje)
(Advertinsje)